Ellewoutsdijk (Siuwsk Ellesdiek) is it meast súdlike doarp yn 'e gemeente Borsele yn 'e provinsje Seelân. Oant 1 jannewaris 1970 wie it in selsstannige gemeente. It doarp is mei syn 384 ynwenners (2026) de lytste kearn fan de gemeente.
It doarp leit oan 'e Westerskelde yn 'e súdlikste punt fan Súd-Bevelân, net fier fan 'e noardlike ynrit fan 'e Westerskeldetunnel. Oan 'e Westerskelde leit in lytse jachthaven, in tijhaven, dy't by ebbe drûchfalt. Súdlik fan it doarp, efter de seedyk leit in earder fort út 1837. Dit fort wie as as ferdigening fan 'e Skelde ornearre en is hjoed-de-dei eigendom fan Feriening Natoermonuminten. thumb|left|Kastiel en tsjerke Ellewoutsdijk yn 'e 18e iuw. In opfallend plak yn 'e buorren hawwe twa hearehuzen yn in parkeftich lânskip, dy't troch de ambachtshear fan Ellewoutsdijkboud binne op it terrein fan it yn de Twadde Wrâldoarloch ferwoaste bûten "Zorgvliet". Dy bûtenpleats wie op syn bar boud op it plak dêr't oant 1822 it kastiel Ellewoutsdijk stie.
Op 'e fûneminten fan 'e let-goatyske doarpstsjerke waard yn 1950/51 it nije tsjerkje fan Ellewoutsdijk boud. Meidat it sa'n lytse gemeente wie, fusearre de tsjerklike gemeente yn 2001 mei de gemeente Driewegen en kaam it tsjerkje leech te stean. Sûnttiids wurdt it brûkt foar oekumenyske tsjerketsjinsten en foar ferskate dialekt-aktiviteiten.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Borsele Kategory:Eardere gemeente yn Seelân