upright=1.5|thumb|Grûntroepen bewegingen fan 24-28 febrewaris 1991 tidens de operaasje Desert Storm. thumb|Golfkriich (1990-1991) De Earste Golfoarloch of Earste Golfkriich wie in wapene konflikt fan augustus 1990 oant en mei febrewaris 1991. Dizze oarloch waard yn it earstoan de Twadde Golfoarloch neamd omdat de Iraaksk-Iraanske Oarloch (1980-1988) foartiid ek oantsjut waard as de 'Golfoarloch'. Mar nei de Earste Golfoarloch kaam de oarloch tusken Iraan en Irak oars te hjiten. 'Twadde Golfoarloch' is no in beneaming foar de Amerikaanske ynvaazje fan Irak yn 2003 (it earste stadium fan 'e langere Irakoarloch).
Irak foel yn 1990, ûnder lieding fan Saddam Hoessein, om ekonomyske redenen syn buorlân Koeweit yn. De Feriene Naasjes (FN) kamen hjirtsjin meiïnoar yn aksje. Ynearsten besochten de FN te ûnderhanneljen. Dêrnei stelden sy in hannelsembargo yn tsjin Irak. Dat embargo hâlde yn dat Irak gjin guods yn- of útfiere mocht. Doe dat net holp, dienen de FN in mânske loftoanfal op Irak. Dizze oanfal ferdreau de Irakeeske troepen Koeweit út.
De loftoanfal stie benammen ûnder Amerikaanske lieding. Sawat alle lannen yn de wrâld joegen harren stipe oan de aksje, ek de Sowjet-Unie. It súkses fan dat yngripen late ta in nij optimisme wrâldwiid. Mei de 'Nije Wrâldoarde' fan nei de Kâlde Kriich soe de FN tenei yn steat wêze fredesfersteuringen gau en effektyf oplosse te kinnen.
Keppeling om utens The Unseen Gulfwar Parlemintêre stikken dêr't dit ûnderwerp yn te praat komt.
Kategory:Oarloch yn Aazje Kategory:Skiednis fan Irak Kategory:Skiednis fan Koeweit Kategory:Skiednis fan Saûdy-Araabje Kategory:Oarloch yn de 20e iuw Kategory:Oarloch fan Irak Kategory:Oarloch fan Koeweit Kategory:Oarloch fan de Feriene Steaten Kategory:Oarloch fan it Feriene Keninkryk Kategory:Oarloch fan Frankryk Kategory:Oarloch fan Saûdy-Araabje Kategory:Oarloch fan Argentynje Kategory:Oarloch fan Austraalje Kategory:Oarloch fan Bachrein Kategory:Oarloch fan Bangladesj Kategory:Oarloch fan Belgje Kategory:Oarloch fan Denemark Kategory:Oarloch fan Egypte Kategory:Oarloch fan de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Oarloch fan de Filipinen Kategory:Oarloch fan Grikelân Kategory:Oarloch fan Hongarije Kategory:Oarloch fan Itaalje Kategory:Oarloch fan Kanada Kategory:Oarloch fan Katar Kategory:Oarloch fan Marokko Kategory:Oarloch fan Nederlân Kategory:Oarloch fan Niger Kategory:Oarloch fan Nij-Seelân Kategory:Oarloch fan Noarwegen Kategory:Oarloch fan Oman Kategory:Oarloch fan Pakistan Kategory:Oarloch fan Poalen Kategory:Oarloch fan Senegal Kategory:Oarloch fan Singapoer Kategory:Oarloch fan Spanje Kategory:Oarloch fan Súd-Koreä Kategory:Oarloch fan Sweden Kategory:Oarloch fan Syrje Kategory:Oarloch fan Tsjechoslowakije Kategory:Militêr treffen yn 1990 Kategory:Militêr treffen yn 1991