Cornelis Sijmen Roersma (Dronryp, 1901 - Frjentsjer, 1997) wie in transportûndernimmer en redakteur.

Cornelis S. Roersma waard berne yn Dronryp yn 1901. Yn 1925 waard er frachtrider yn Frjentsjer. Syn bedriuw ûntjoech him ta in beurttsjinst fan Frjentsjer nei Ljouwert (en oarsom) oer Skalsum, Peins, Skingen, Slappeterp, Menaam en Marssum. Foar WO II wie er bestjoerslid fan de Vrachtrijdersvereniging Leeuwarden. Teffens wie er 14 jier sekretaris fan Keatsferiening Jan Bogtstra en organisearre er goed 33 jier de jeugdkeatskompetysje fan dy ferieningFriese Nummerbewijzen B-9103. Mei in foto fan Roersma en syn frachtwein

Nei de oarloch waard er redakteur fan it Frjentsjerter Nijsblêd fan 1945 - 1972 en keatspublisist (ek foar NOS en Algemien Deiblêd).

Fierder fersoarge er: Kent U ze nog .....De Franekers en skreau Franeker in vertellingen (1974). Hy hie ek funksjes yn it pleatslike ferieningslibben (Fryske Krite, Oranje Nasjonaal, begraffenisferiening, frijsinnich-kristlike manljusferiening), wylst hy foar party net-kristlike begraffenissen de wijing fersoarge.

Keppeling om utens WorldCat.Identities. Oersjoch fan syn publikaasjes

Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk kranteredakteur Kategory:Frysk sportsjoernalist Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn Dronryp Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1997