Jacob Bernard Ritzema van Ikema (Westernieland, 17 maaie 1912 - Bennekom, 30 desimber 1983Graftombe.nl) wie presidint-direkteur fan de Frico en CCF.
Nei in stúdzje yn Wageningen wie er lânbouatasjee yn Washington (1946-1950), dêrfoar by de Oeriselske Maatskippij fan Lânbou (1938-1942) en de Bedriuwsgroep Fiedings- en Genotmiddelyndustry. Hy folge by de CCF S. Hepkema op, by de Frico S. Nijholt. De titel presidint-direkteur ûntstie by de CCF yn 1962, by de Frico yn 1966. Troch syn protte funksjes, ek lanlike, yn de koöperative suvelyndustry hat hy in grutte rol spile yn it nasjonale en regionale suvelbelied.
Yn 1966 krige er de provinsjale Fryske Parsepriis.
Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1983