Bydgoszcz (Dútsk: Bromberg) is in stêd yn it noardwesten fan Poalen. It is de grutste stêd fan it woiwodskip Koejaavje-Pommeren. De stêd foarmet in stêdekloft mei it 30 km eastliker lizzende Toruń. Bydgoszcz leit oan 'e rivier de Brda, in sydrivier fan 'e Wisła. Fan 1772 oant 1920 wie de stêd efterinoar Prusysk en Dútsk.
Ynwennertal 2009 - 358.029 2004 - 368.235
Underwiis Muzykakademy Bydgoszcz (Akademia Muzyczna im. Feliksa Nowowiejskiego w Bydgoszczy)
Kultuer Yn Bydgoszcz is it grutste operafestival fan Poalen, it Bydgoszcz Opera Festival.
Berne yn Bydgoszcz Marian Rejewski (19 augustus 1905 - 13 febrewaris 1980), Poalsk wiskundige en kryptograaf, de earste dy't de koadearmasine Enigma briek. Radosław Sikorski (23 febrewaris 1963), Poalsk politikus en sjoernalist Kurt Tank, fleantúchûntwerper en testpiloat
Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak yn woiwodskip Koejaavje-Pommeren