Lieuwe Hornstra (Rotterdam, 2 febrewaris 1908 - Leien , 25 augustus 1990) wie in medikus yn Bakhuzen en letter Frisiast.
Libben Hornstra wie al jong maatskiplik en polityk aktyf en lid fan de blauwe (hielûnthâlder) en reade jeugdbeweging. Hy studearre genêskunde, psychology en filosofy yn Leien, Amsterdam en Grins. Yn 1951 promovearre hy op een dissertaasje mei as titel: De mens in de organisatie van de arbeid. Earst hat hy inkele jierren as bedriuwspsycholooch wurke by de KLM, letter hy hy in praktyk as psycho-analytikus yn De Haach en Wassenaar.
Mei syn frou, de balletdûnseres Johanna Verwer, ferhuze Hornstra yn 1968 nei Bakhuzen yn Gaasterlân. Yn koarte tiid makke hy him it Frysk eigen en waard hy aktyf yn literêre en politike fermiddens yn Fryslân. Sa wie hy lid fan de gemeenteried fan Gaasterlân foar de FNP sûnt 1974. Hy publisearre polityk-psychologyske beskôgings fanút marksistysk stânpunt en skreau yn it Fryske literêre tydskrift Alternatyf. Hornstra hat it sjenre fan de Japanske haikû mei har foarskreaune foarm en ynhâld (natoerpoëzij dêr't de ynfloed fan de seizoenen in grutte rol by spilet) omtinken jûn yn de Fryske poëzij. Yn 1983, Hornstra wie doe 75 jier, helle hy oan de Ryksuniversiteit fan Grins syn doktoraal Frysk.
Wurk Proaza Ljippeblommen (1974) Sniejacht (ferhalen, 1976)
Poëzij Fersen (1975) De guozzen fleane (1977) Haikû (gelegenheidsbondel, 1978) Lieuwe 75 (1983) Ald en nij (samle fersen, 1988)
Ferskaat Het innerlijk gezicht - de vervreemding als maatschappelijk en psychisch verschijnsel ( 1974 ) Brieven aan Elizabeth (Oer Jezus en it Godsryk, 1985) It symbolisme yn West-Europa (1987)
Kategory:Nederlânsk dokter Kategory:Nederlânsk psycholooch Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Frysk dokter Kategory:Frysk psycholooch Kategory:Frysk politikus Kategory:FNP-politikus Kategory:Frisiast Kategory:Frysk nasjonalist Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1990