Jo Smit (Midslân, 24 maart 1916 – Formearum, 30 april 1991) wie in Frysk skriuwer, dichter, toanielskriuwer, essayist, publisist, ûnderwizer en sjoernalist. Hy stiet yn Fryslân almeast bekend sjoernalist, skriuwer yn it Frysk en lid fan 'e Fryske Beweging. Lykwols sette er him ek yn foar syn memmetaal, it Midslânske dialekt fan Skylge, dat er as ien fan 'e earsten ek brûkte as skriuwtaal.
Libben Smit wie hikke en tein yn Midslân, op Fryske Waadeilân Skylge, mar ferfear mei tsien jier mei syn âlden nei Rotterdam. Letter wenne er noris al en dan wer net op it eilân. Hy wie in tige alsidich man, dy't by syn libben û.m. wurke as learling-ferpleger yn in psychiatrysk sikehûs, as ûnderwizer en letter as learaar oan 'e Skylger seefeartskoalle, as sjoernalist by de Ljouwerter redaksje fan 'e sosjalistyske krante Het Vrije Volk, en fierders as boekhâlder en as haad fan 'e ôfdieling "Sprutsen Wurd" fan 'e VARA-radio. Teffens wied er fan 1953 oant 1959 direkteur fan 'e noardeastlike regionale omrop RONO, wêrby't er nau gearwurke mei haadredakteur Cornelis Douwes.
Pas yn syn middeljierren ûntjoech Smit him ta skriuwer yn it Frysk, mei syn debút Sûnder Sûker, in novelle dy't yn 1956 útkaam. Neffens Dykstra en Oldenhof "wist men [doe] fuort dat men net rjocht wist wêr't men mei dizze man oan ta wie."Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, s. 124. Smit syn wurk blonk út troch de nuvere foarfallen en brike tastannen dy't er deryn ferwurke. Fral yn koarte ferhalen as Fabel fan de Túnslang kaam dat goed ta utering. Yn 1968 skreau er in ludike detektiveroman, Wês Foarsichtich, Watse!, dy't yn 2000 werútjûn waard as ûnderdiel fan 'e rige Fryske Klassiken.
Yn 1957 en 1958 wûn Smit twa kear efterinoar de Rely Jorritsmapriis mei syn fersen, en foar syn ferhalebondel Bisten en Boargers, út 1959, waard him yn 1963 de Gysbert Japicxpriis takend. Yn 1973 waard oan him ek noch de Lutinepriis útrikt. Njonken syn fiksje en dichtwurk skreau Smit ek essay's en publisearre er û.m. oer it federalisme en de Fryske literatuer. Teffens wied er ien fan 'e earsten dy't syn memmetaal, it Midslânsk, as skriuwtaal brûkte; Smit publisearre twa toanielstiken, in musical en in stikmannich gedichten yn dat dialekt. Fierders wie Smit mei-oprjochter en earste foarsitter fan it Skriuwersboun. Hy kaam yn 1991 yn it Skylger doarp Formearum te ferstjerren.
Wurk Yn it Frysk romans en novelles 1956 – Sûnder Sûker (novelle) 1968 – Wês Foarsichtich, Watse (detektiveroman; 2e printing 2000)
ferhalebondels 1959 – Bisten en Boargers 1991 – De Bêste Fryske Ferhalen
toaniel 1966 : Happening de Vries (yn: De Tsjerne XXI, s.1-62)
poëzij 1970 – Stôk en Ballen (eigen behear; grutdiels wijd oan biljerten, dêrfandinne de titel)
essay's en oare non-fiksje 1956 – Federalistyske Eachweiding (oer Westjeropeeske minderheden) 1968 – De Fryske Literatuer 1945-1967 1973 – Dit Is Ien Seldzem Almenak: It "Nieuw Leeuwarder Almanach" út it Jier 1778 1979 – It Rydbewiis ??
Yn it Midslânsk toaniel 1983 – Buuren 1987 – An 'e Reis (musical) 1989 – Sundrum
Yn 'e Skylger dialekten ferhalebondel 1966 – De Mimmetaal: Schylgelôner Leisboek
Yn it Nederlânsk essay's en oare non-fiksje 1972 – Terschellinger Getij 1984 – Terschellinger Jaarboek 1984 2000 – De Moderne Roman Als Moraliteit (essay's, gearstald troch Jabik Veenbaas)
Prizen en nominaasjes Jier Priis Kategory Foar1957Rely Jorritsmapriisbêste fersEin1958Rely Jorritsmapriisbêste fersHjerst1963Gysbert Japicxpriisn.f.t.Bisten en Boargers1973Lutinepriisn.f.t.oeuvre
Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Skriuwer yn it Midslânsk Kategory:Frysk essayist Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk boekhâlder Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk boekhâlder Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Midslân Kategory:Persoan stoarn yn Formearum Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 1991