Helga Margot Erika Ruebsamen (Batavia, Weltevreden (Nederlânsk-Ynje), 4 septimber 1934 - De Haach, 8 novimber 2016) wie in Nederlânsk auteur fan romans, koarte ferhalen en kollumns.

Libben en wurk Ruebsamen wie de dochter fan in Dútske heit en in Nederlânske mem. Har ierste jeugd brocht se yn Nederlânsk-Ynje troch. Yn Den Haach gie se nei it Maerlant-Lyceum, wêrnei 't se nei Parys ôfsette en dêr balletlessen by Olga Preobrazjenskaja folge. Op har sânde begûn se mei skriuwen. Oan publisearjen tocht se net, mar doe 't har earste man Serein Pfeiffer ein jierren fyftich bûten har meiwitten inkelde ferhalen ynstjoerde foar de Reina Prinsen Geerligspriis waard se bekroand mei de oanmoedigingspriis. Dochs duorre it noch fiif jier, oant 1963, foardat se har debút De kameleon en andre verhalen ferskine liet. Dêrnei ferskynden twa romans en wer in ferhalebondel, wêrnei 't in stilte fan fyftjin jier folge, wêryn 't se wol skriuwen bleau mar neat publisearre.

De fiif fleurige ferhalen út Op Scheveningen spylje har allegear yn De Haach ôf. Feestfierend geane de personaazjes de goate en har ûndergong temjitte. Kroegen en bordelen foarmje it dekôr. Fan it ferhaal De meisjes uit Marlot waarden tweintich ferzjes makke. Dêr blykt in perfeksjonistyske ynstelling út te dy 't ek tekenjend is foar de troch har bewûndere Willem Elsschot. Raat (1998), s. 729

Yn de foar foar in part autobiografyske roman Het lied en de waarheid, dy't de F. Bordewijkpriis wûn, skreau se dat har heit in Joadske dokter wie en ûnder de Twadde Wrâldoarloch ûnder de Dútske besetting ûnder de Joadenferfolging te lijen hân hie, mar dat die bliken net wier te wêzen. Har âlden wiene net Joaden, sy ek net. De waarheid en het lied, Leidsch Dagblad, 28 maaie 2005

Yn har wurk set se har ôf tsjin it boargerdom en lit hja in foarkar foar de selskant fan it libben sjen. Har wurk is oerset yn it Dútsk, Ingelsk en Frânsk. Se wie ek aktyf as kollumniste yn de Volkskrant.

Helga Ruebsamen wie troud mei de trompettist Serein Pfeiffer en mei de âld-Ingelânfarder Kas de Graaf. Se ferstoar yn de âldens fan 82 jier yn De Haach. Schrijfster Helga Ruebsamen (82) overleden, Algemeen Dagblad, 8 novimber 2016

Prizen Reina Prinsen Geerligspriis 1959 foar trije novellen, mei de titel Voor de kantlijn. Litterêre Witte Priis 1989 foar Op Scheveningen. Ferdinand Bordewijkpriis 1998 foar Het lied en de waarheid. Annie Romeinpriis 2001 foar har hiele oeuvre. Anna Bijns Priis 2003 foar har hiele oeuvre.

Wurk De kameleon (1964) De heksenvriend (1966) Wonderolie (1970) De ondergang van Makarov (1971) Op Scheveningen (1988) Pasdame (1988) Olijfje en andere verhalen (1989) De dansende kater (1992) Alleen met Internet (1996, mei Rogi Wieg) Het lied en de waarheid (1997) Beer is terug (1999) De bevrijding (1999) Jonge liefde en oud zeer : de verhalen (diel 1, 2001) Jonge liefde en oud zeer : de verhalen (diel 2, 2001) Zoet en zondig : de mooiste verhalen uit Indonesië (2003)

Keppeling om utens Helga Ruebsamen Utjouwerij Contact Helga Ruebsamen: ‘Mijn herinneringen zijn als kraaien’ Vrij Nederland, 15 novimber 2003, troch Martje Breedt Bruyn Helga Ruebsamen by de DBNL

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 2016