Tjitske Reidinga (Ljouwert, 20 febrewaris 1972) is in Nederlânsk aktrise dy't ûnder oaren bekend is fan rollen yn Het Klokhuis. Yn 2002 wûn se de Colombina foar de bêste froulike byrol yn Who's Afraid of Virginia Woolf? foar har rol fan de popperige Honey. Yn it teäterseizoen 2006-2007 en 2007-2008 spile hja Toos yn De familie Avenier.
Biografy Reidinga waard berne yn Ljouwert, mar waard grutbrocht yn Malawy. Sy studearre yn 1997 ôf oan de Amsterdamske Toanielskoalle & Lytskeunstakademy en gie it teäter yn. Yn it programma Het Klokhuis spile sy ûnder oaren as prinseske Petronella en dochter knyn. Dêrnei spile se mei yn de ferfilming fan Ja zuster, nee zuster as Jet. Dan wie hja ek noch warber by teäterproduksjs fan organisaaasjes sa as Suburbia, de Toneelschuur, it RO Theater en it Onafhankelijk Toneel. De ôfrûne fjouwer telefyzjeseizoenen waard Reidinga by it grutte publyk bekend fan har rol as de kâlde Claire van Kampen yn de telefyzjerige (RTL) Gooische Vrouwen. Se spile in rol yn de teäterproduksje 'De god van de slachting' fan Yasmina Reza, makke troch Theatergroep Suburbia yn Almere. Ek wie hja te sjen 'De ingebeelde zieke', fan teatergroep DUS. Reidinga krige de Johan Kaartpriis foar it seizoen 2008/2009. Fan jannewaris ôf 2010 hat se in rol spile yn Truckstop fan Het Toneel Speelt.
Op 16 maaie 2011 krige Reidinga de Mary Dresselhuys Priis: Met haar weldoordachte rolopbouw, trefzekere timing, haar geheel eigen, droge humor en de haar typerende, wat slepende stem weet Tjitske van elke rol een klein monumentje te maken miende de sjury. Altijd slaagt zij erin diepere lagen van haar personage te verbinden met een lichte toets.
Fan 2019 ôf is Reidinga geregeldwei gast yn it tf-programma Ladies Night op NET 5. Ek waard bekend dat sy tegearre mei har freondinne Linda de Mol wurket oan in nije searje foar de stjoerder. Dêrneist flogde sy yn 2020 foar it platfoarm LINDA. Yn de flogs lit se sjen hoe't sy en har húshâlding omgean mei de maatregels rûnom it koroanafirus.
Fan april 2023 ôf hat Tjitske Reidinga in eigen podcast mei de titel Tjits Chat wêryn 't se har deistich libben bekommentariearret.
Privee Reidinga wie sechstjin jier troud mei akteur Vincent Croiset. Sy krigen in twilling, Foppe en Klaas en letter noch in soan. Yn maart 2014 waard bekend dat sy in ferhâlding begûn wie mei kollega Peter Blok. Sy krigen kunde oan elkoar by de filmopnamen fan De verbouwing.<ref>[http://www.nu.nl/achterklap/4067928/tjitske-reidinga-noemt-scheiding-verdrietig-en-zwaar.html nu.nl - Tjitske Reidinga noemt scheiding 'verdrietig en zwaar''' - 13 juny 2015]</ref>
Filmografy De zeemeerman (1996) as Emily Ja zuster, nee zuster (2002) as Jet Kees de jongen (2003) as Juffrouw Dubois De Passievrucht (2003) as Anke Neerinckx Ellis in Glamourland (2004) as Roosje 'n Beetje Verliefd (2006) as Aafke Taartman (2009) as Bregtje Gooische Vrouwen (2011) as Claire van Kampen De verbouwing (2012) as Tessa Alles is familie (2012) as Linda Pim & Pom: Het Grote Avontuur (2014) as Pom (stim) Gooische Vrouwen 2 (2014) as Claire van Kampen Sneeuwwitje en de zeven kleine mensen (2015) as freondinne fan Alexia De zevende hemel (2016) as Silke Doris (2018) as Doris Dorenbos Het irritante eiland (2019) as Lidia April, May en June (2019) as June The Willoughbys (2020) as mem (stim)
Telefyzjerige Plaatjes Kijken (1985) yn Dank u Sinterklaasje! Baantjer: De Cock en de XTC-moord (1998) as Puck Geldermans Goede daden bij daglicht: Zwerfvuil (1998) as Sylvia Televisie, rige (2000) as backstage assistinte De vloer op (2002-2003) as/yn ferskate parten De Band (tf-rige) (2003) as Belinda FIT (2004) as Major Ibbeltje (tf-rige)| (2004) as Mientje Gooische Vrouwen (2005-2009) as Claire van Kampen Keyzer & De Boer Advocaten (2005) as Linda van Drunen (Waar rook is, is vuur) Verborgen Gebreken (dramasearje) (2011) as Annabet Schuit Hart tegen Hard (2011) as Rebecca Franssen Volgens Robert (2013) as psychiater Lea Doris (2013) as Doris Dorenbos Nieuw zeer (2020) ferskate rollen De K van Karlijn (2021) as Karlijn
Teäter De ziekte die jeugd heet (1997; RO Theater) Sterrenstof (toanielstik) (1998; Spuitheater) Trainspotting (toanielstik) (1998; ZAP Producties) Een stukje time out (1999; Fact) Het vissenkind (1999; Het Paleis) A Midsummer Night's Dream (1999; RO Theater) Ja zuster, nee zuster (1999-2000; RO Theater) as Jet Hollandse Revue (2000; Toneelschuur) De Trojaanse (2001; Onafhankelijk Toneel) Who's Afraid of Virginia Woolf? (2001-2002, Hummelinck Stuurman) as Honey Hedda Gabler (toanielstik) (2002-2003; Trust) as Hedda Gabler Da Vinci en de drol (2003; Toneelschuur Haarlem) Treinen kunnen keren (2003-2004; Hummelinck Stuurman) Amadeus (toanielstuk) (2005; 't Bos Theaterproducties) Uit liefde (2005; Hummelinck Stuurman) De Geschiedenis van de Familie Avenier (2007-2008; Het Toneel Speelt) as Toos De ingebeelde zieke (2009; De Utrechtse Spelen (DUS)) as Bélin De god van de slachting (2009; Suburbia) as Annette Reille Truckstop (2010; Het Toneel Speelt) as Mem Alice in Wonderland (2010; Orkater y.g.m. Holland Symfonia) as Alice Augustus: Oklahoma (2011; De Utrechtse Spelen (DUS)) as Ivy Weston Het geheugen van water (2012; DeLaMar Theater) as Marie Een ideale vrouw (2013; DeLaMar Theater) as Constance Middleton De tijd voorbij (2013; DeLaMar Theater) as Betty Bedscènes (2014; DeLaMar Theater) as Johanna Terug naar toen (2015; DeLaMar Theater) as Rosalie van Rooij Sophie, een leven in 12 scènes (2015/2018; DeLaMar Theater) as Sophie In de ban van Broadway (2016; DeLaMar Theater) as Grace Palm Springs (2016; DeLaMar Theater) as Brooke Wyeth Geen paniek! (2017; DeLaMar Theater) as Kitty van Veen Single Camping (2019; Nederlânske Teätertoer) as Franscesca Dangerous Liaisons (2020; Nederlânske Teätertoer) as La Marquise de Merteuil
Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1972