thumb|Ladys View in County Kerry

Ierlân (Iersk: Éire, Ingelsk: Ireland) is in soevereine, ûnôfhinklike en demokratyske steat op it eilân Ierlân.Bunreacht na hÉireann – Constitution of Ireland, Irish Statute Book. De steat omfiemet 26 greefskippen fan it eilân; Noard-Ierlân makket diel út fan it Feriene Keninkryk.Ireland – EU country, European Union. De haadstêd is Dublin.

De grûnwetlike namme fan de steat is yn it Iersk Éire en yn it Ingelsk Ireland. De term Republic of Ireland waard yn de Republic of Ireland Act 1948 fêstlein as de beskriuwing fan de steat, mar is net de grûnwetlike namme.Republic of Ireland Act 1948, Irish Statute Book.

Ierlân is sûnt 14 desimber 1955 lid fan de Feriene Naasjes.Member States, United Nations. Op 1 jannewaris 1973 waard it lân lid fan de doetiidske Jeropeeske Ekonomyske Mienskip, de foarrinner fan de Jeropeeske Uny. Sûnt 1 jannewaris 1999 docht Ierlân mei oan de euro. It lân makket net folslein diel út fan it Schengengebiet en hat op dat mêd in útsûnderingsposysje.

Namme en steatsrjocht

Kêst 4 fan de Ierske grûnwet bepaalt dat de namme fan de steat Éire is, of, yn it Ingelsk, Ireland. Kêst 5 omskriuwt Ierlân as in soevereine, ûnôfhinklike en demokratyske steat. Neffens kêst 6 komme alle wetjaande, útfierende en rjochterlike machten fan it folk.

Neffens kêst 7 fan de grûnwet bestiet de nasjonale flagge út de kleuren grien, wyt en oranje. Kêst 8 bepaalt dat it Iersk de nasjonale taal en de earste offisjele taal is, wylst it Ingelsk de twadde offisjele taal is.

De hjoeddeistige grûnwet, Bunreacht na hÉireann, waard op 1 july 1937 yn in referindum oannommen en kaam op 29 desimber fan dat jier yn wurking.Referendums, Electoral Commission of Ireland. De grûnwet bepaalt ek dat in feriening fan de steat mei Noard-Ierlân allinnich mei freedsume middels en mei de demokratysk útsprutsen ynstimming fan in mearderheid fan de befolking yn beide jurisdiksjes ta stân komme kin.

Geografy Ierlân leit op it eilân Ierlân en hat oer lân allinnich in grins mei Noard-Ierlân.Borders, Government of Ireland. Noard-Ierlân heart ta it Feriene Keninkryk, sadat de Iersk-Noard-Ierske grins tagelyk de lângrins tusken Ierlân en it Feriene Keninkryk is.

Foar it oerflak fan de steat wurde, ôfhinklik fan de brûkte statistyske definysje, wat ferskillende sifers jûn. De Jeropeeske Uny jout op basis fan Eurostat in oerflak fan 69.947 km². De Ierske Environmental Protection Agency brûkt yn syn State of the Environment 2024 in lânoerflak fan 70.273 km².Ireland's Environment – An Integrated Assessment 2024, Environmental Protection Agency.

It klimaat fan Ierlân wurdt sterk beynfloede troch de Atlantyske Oseaan.Climate of Ireland, Met Éireann. Dy oseanyske ynfloed soarget foar relatyf mylde winters en koele oant mylde simmers.

Ierlân hat in grut ferskaat oan natuerlike habitats en soarten.Protected Sites, National Parks and Wildlife Service. De Environmental Protection Agency neamt ûnder oare 28 soarten lânseigen sûchdieren, mear as 400 fûgelsoarten, mear as 4.000 plantesoarten en mear as 12.000 soarten ynsekten.

Skiednis De skiednis fan de moderne Ierske steat begjint yn de tweintichste iuw, mar de politike en maatskiplike ûntwikkelingen dêr't de steat út fuortkaam, hawwe in folle langere skiednis op it eilân Ierlân. Wat de tiid foar de oprjochting fan de Ierske Frijsteat yn 1922 oanbelanget, geane de hjirûnder beskreaune ûntwikkelingen dêrom foar in grut part oer it hiele eilân.

Prehistoarje Neffens it National Museum of Ireland is der gjin dúdlik bewiis foar permaninte minsklike bewenning fan Ierlân yn it Paleolitikum.Prehistoric Ireland, National Museum of Ireland. De earste bekende permaninte jagers en samlers ferskynden om rûchwei 7000 f.Kr. op it eilân. Hja libben fan jacht, fiskerij en it sammeljen fan wylde planten.

Yn it Neolitikum waard lânbou yn Ierlân yntrodusearre.Stone Age, National Museum of Ireland. Om rûchwei 3700 f.Kr. wie lânbou foar it grutste part de basis fan it bestean wurden en hienen jacht en sammeljen harren posysje as wichtichste foarm fan libbensûnderhâld ferlern. Yn dy perioade waarden ek monumintale grêven en oare stiennen bouwurken oanlein.

Om rûchwei 2500 f.Kr. ferskynde metaalbewurking yn Ierlân.Prehistoric Ireland, National Museum of Ireland. It gebrûk fan metaal foar wapens, ark en sieraden waard dêrnei in karakteristyk ûnderdiel fan de materiële kultuer fan de Brûnstiid.

Iere midsiuwen en kristendom Yn de iere midsiuwen wie Ierlân polityk ferdield yn ferskate keninkriken en lytsere gebieten, dêr't it keningskip in sintrale politike en maatskiplike ynstelling wie.Patrick Gleeson, Landscapes of kingship in early medieval Ireland, AD 400–1150, University College Cork, 2014. De machtsferhâldingen tusken dy keninkriken feroaren troch de tiid hinne. thumb|De ferneamde Book of Kells waard om 800 hinne skreaun It kristendom waard yn de fyfde iuw benammen út Romeinsk-Brittanje yn Ierlân yntrodusearre.Early Medieval, National Museum of Ireland. De tsjerke krige dêrnei in wichtige rol yn de Ierske maatskippij. Oer it hiele eilân ûntstienen tsjerken en kleasters, dêr't ûnder oare manuskripten kopiearre en religieuze foarwerpen makke waarden.The Faddan More Psalter – Discovery and Identification, National Museum of Ireland. Fanwegen de hege kwaliteit fan benammen it metaalwurk út de achtste en njoggende iuw wurdt dy perioade neffens it National Museum of Ireland ek wol as in gouden tiid fan it Ierske ambachtswurk beskôge.

Fan de ein fan de achtste iuw ôf krige Ierlân te krijen mei Wytsingen. De earste Wytsinge-oanfallen dy't yn Ierske skriftlike boarnen fêstlein binne, datearje út 795.The Viking Age in Ireland, National Museum of Ireland. Yn it earstoan gie it om oanfallen fan see ôf, mar om 841 hinne hienen Wytsingen by Dublin in mear permaninte basis fêstige. Ek op oare plakken ûntstienen permaninte delsettings. Dublin, Waterford, Limerick, Cork en Wexford ûntjoegen har yn de Wytsingetiid ta wichtige stêden en hannelssintra.

Yn de tsiende en alfde iuw bleaunen Ierske keningen mei-inoar stride om regionale en boppe-regionale macht. Brian Boru wist syn macht fanút Munster út te wreidzjen en waard oan it begjin fan de alfde iuw erkend as hege kening fan Ierlân.Brian Boru (c.940–1014), AskAboutIreland. Yn 1014 fersloech syn leger by de Slach by Clontarf in koälysje fan syn tsjinstanners, mar Brian sels kaam by de slach om it libben.

Normandyske komst en lette midsiuwen Yn de tolfde iuw bestie Ierlân út in grut tal keninkriken dy't ûnderling om macht strieden.Norman Ireland: Medieval Ireland, AskAboutIreland. Yn 1169 kamen Normandyske kriichslju nei Ierlân om Diarmait Mac Murchada, de ôfsette kening fan Leinster, te helpen syn keninkryk werom te krijen. Dat jier wurdt ek beskôge as it begjin fan de Anglo-Normandyske delsetting yn Ierlân.History of Parliament in Ireland, Houses of the Oireachtas. thumb|De oerbliuwselen fan it 12e-iuwske Trim kastiel, it grutste kastiel fan de Anglo-Normandyske hearskers yn Ierlân Yn de neikommende iuwen kamen grutte parten fan it eilân ûnder it bewâld of de ynfloed fan Anglo-Normandyske hearskers, wylst yn oare gebieten Gaelic-Ierske politike en maatskiplike struktueren bestean bleaunen.Late Medieval Ireland, National Museum of Ireland. De Normandyske kolonisaasje late dêrtroch net ta it ferdwinen fan de eardere kultuer, mar ta in maatskippij dêr't Gaelic-Ierske en Anglo-Ierske tradysjes njonken en trochinoar bestienen.

Ek de tsjerklike organisaasje feroare yn de midsiuwen. Nije kleasteroarders waarden yntrodusearre en de struktuer fan de tsjerke feroare, wylst yn gebieten bûten de direkte Ingelske kontrôle ek âldere Ierske tsjerklike tradysjes bestean bleaunen.

Tudorperioade, Ingelske machtsútwreiding en plantaazjes Fan de sechstjinde iuw ôf besocht de Ingelske kroan syn kontrôle oer it eilân fierder út te wreidzjen. Under de Tudormonargy waarden ek de earste systematyske plantaazjes útfierd, wêrby't lân fan Ierske machthawwers konfiskearre en oan Ingelske kolonisten jûn waard.Tudor Plantations, AskAboutIreland. Yn 1556 en 1557 waard lân fan de Gaelic clans O'More en O'Connor yn it gebiet fan it hjoeddeistige Laois en Offaly yn beslach nommen en oan Ingelske kolonisten tawiisd.

De útwreiding fan de Ingelske macht late oan de ein fan de sechstjinde iuw ta in grutte oarloch mei ferskate Gaelic machthawwers yn Ulster. De saneamde Njoggenjierrige Oarloch duorre fan 1594 oant 1603.Ireland in the 17th Century, AskAboutIreland. De Gaelic legers ûnder ûnder oaren Hugh O'Neill en Red Hugh O'Donnell krigen stipe út Spanje, mar waarden yn 1601 by Kinsale troch Ingelske troepen ferslein.The Battle of Kinsale 1601, AskAboutIreland. Mei it Ferdrach fan Mellifont fan 1603 kaam in ein oan de oarloch.

Yn 1607 ferlieten Hugh O'Neill, Rory O'Donnell en oare foaroansteande Gaelic eallju Ulster en setten ôf nei it Jeropeeske fêstelân. Dat barren stiet bekend as de Flight of the Earls.Flight of the Earls, AskAboutIreland. Hja kamen net werom nei Ierlân. Harren fertrek makke de wei frij foar in gruttere kolonisaasje fan Ulster.The Plantation of Ulster, AskAboutIreland.

Yn 1609 begûn op befel fan kening Jakobus I de Plantaazje fan Ulster. Konfiskearre lân waard dêrby ûnder oare oan Ingelske en Skotske kolonisten tawiisd. Troch de plantaazje fêstige in grut tal protestantske kolonisten har yn Ulster en feroaren dêr de politike, religieuze, ekonomyske en demografyske ferhâldingen.The 1641 Depositions Project, Department of History, Trinity College Dublin.

Opstân fan 1641 en Cromwelliaanske ferovering Yn oktober 1641 bruts ûnder katolike Ieren in opstân út. De opstân begûn yn Ulster en fersprate him dêrnei oer grutte parten fan it eilân. By it konflikt kaam it ta geweld tsjin de protestantske kolonisten en ta represaillemaatregels tsjin katoliken. De saneamde 1641 Depositions, tûzenen tsjûgeferklearringen dy't yn Trinity College Dublin bewarre wurde, binne in wichtige boarne foar de perioade. De krekte aard en omfang fan de moarden op protestantske kolonisten binne al iuwenlang ûnderwerp fan historiografysk debat. Trinity College Dublin wiist derop dat de beskikbere tsjûgeferklearringen yn ferskillende perioaden troch propagandisten, politisy en histoarisy brûkt binne en dat de fraach oft der sprake wie fan in foarôf plande algemiene massamoard, omstriden is.

De opstân ûntjoech him ta in langer konflikt yn it ramt fan de oarloggen yn de trije keninkriken Ingelân, Skotlân en Ierlân.Empire Transformed: The Cromwellian Conquest and Settlement of Ireland 1641–1660, Department of History, Trinity College Dublin. Yn Ierlân operearren ûnder oare katolike Konfederearden, Ingelske royalisten en parlemintariërs en Skotske Covenanters as aparte politike en militêre groepen.

Nei de oerwinning fan de parlemintariërs yn de Ingelske Boargeroarloch kaam yn 1649 in leger ûnder Oliver Cromwell nei Ierlân. Op de militêre ferovering troch de parlemintariërs folge yn de jierren dêrnei in grutte werferdieling fan Iersk lân. Under de Act for the Settling of Ireland fan 1652 ferlearen in protte protestantske en hast alle katolike grûnbesitters in part of it gehiel fan harren lânbesit.Act of Settlement and Act of Explanation , CELT, University College Cork. In grut part fan it konfiskearre lân kaam yn hannen fan protestantske soldaten, krediteuren en oare kolonisten.

Nei it herstel fan de monargy ûnder Karel II waard mei de Act of Settlement fan 1662 en de Act of Explanation fan 1665 in grut part fan de feroarings yn it lânbesit út de Cromwelliaanske perioade befestige.

Williamityske Oarloch en protestantske oerhearsking Nei de ôfsetting fan de katolike kening Jakobus II yn de Glorious Revolution waard Ierlân ien fan de wichtichste kriichstoanielen yn de striid tusken Jakobiten en oanhingers fan Willem III fan Oranje.Revolutionary Britain 1678–1715, Department of History, Trinity College Dublin. De oarloch yn Ierlân duorre fan 1689 oant 1691.