Gerrit Bosch (Ljouwert, 15 maaie 1893 - dêre, 20 juny 1981) wie in fûgeltsjeman, natoerbeskermer en kantoarman by de Frico.
Algemien bestjoerslid fan It Fryske Gea, ôffurdige fan de Feriening ta behâld fan Natoermonuminten yn Nederlân foar Fryslân en haadbestjoerslid fan it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten. Oprjochting fan it Frysk Natoerhistoarysk Museum op syn inisjatyf (1923). Yn 1963 krige Bosch in lispeinje fan de Fryske Akademy foar tsjinst oan Fryslân. Hy samle in grutte dokumintaasje oer de Avifauna fan Fryslân.
Publisearre geregeldwei oer fûgels en de fûgelstân yn de Ljouwerter Krante, Frysk Deiblêd Drachtster Krante en Vanellus. Skreau Earrebarren yn Fryslân (1970).
Biografy mei Sake P. Roodbergen (redakteur Vanellus), Ane Witteveen (freon fan Bosch) en Bauke van der Veen (bibliografy), De Vogelvriend, Gerrit "Fûgeltsje" Bosch (1893-1981), 2011
Kategory:Frysk natoerbeskermer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk publisist Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1863 Kategory:Persoan stoarn yn 1981