Johannes Sjoerd Brandsma (Feinsum, 7 april 1918 - Ljouwert - 25 augustus 2002) wie sûnt 1967 boargemaster fan Ljouwert.

Hy wie foarsitter fan it gemeentlik gearwurkingsorgaan Regio Ljouwert (Ljouwert, Ljouwerteradiel, Ferwerderadiel, It Bilt, Menameradiel en Baarderadiel). Fan 1940-1945 wie er wurksum yn it itensfoarsjenningsapparaat yn Fryslân en fan 1945-1967 yn De Haach as direkteur by it Ministearje fan Lânbou en Fiskerij en it Produkstskip foar Nôt, Siedden en Pûlfruchten.

Yn maart 1967 waard Brandsma beneamd ta boargemaster fan Ljouwert. Yn maaie 1983 gie er mei pensjoen en yn 2002 ferstoar er yn de âldens fan 84 jier. Yn Ljouwert waard de Johannes Brandsmawei nei him ferneamd.

Sjoch ek List fan boargemasters fan Ljouwert

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Ljouwert Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Feinsum Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 2002