Ane de BoerYn guon boarnen ek wol Anne de Boer neamd (Rie, 24 novimber 1908 – Ljouwert, 9 oktober 1982) wie in assuradeur en lânboubestjoerder.Berte-akte, AlleFriezenDrs. Ane de Boer, oudvoorzitter Kamer van Koophandel, overleden, Ljouwerter Krante, 11 oktober 1982
Direkteur fan de Fersekeringsfûnsen (Koöperatyf Fersekeringsfûns, Underling Boerefersekeringsfûns en Underling Syktefersekeringsfûns), dêr wurksum sûnt 1932 (nei stúdzje te Rotterdam) en sûnt maaie 1940 direkteur (oant july 1972).
Sûnt de oprjochting yn 1946 oant 1972 lid fan it bestjoer fan it ynstitút foar Lânboukoöperaasje yn Fryslân. Fan de oprjochting yn 1967 ôf fise-foarsitter fan it bestjoer fan de stifting Permaninte lânboumanifestaasje De Flevohof en fan 1964-1972 foarsitter fan de Keamer fan Keaphannel en Fabriken foar Fryslân.
Hy waard beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau yn 1967.Kanselarij der Nederlandse Orden: gedecoreerden De Boer ferstoar op 9 oktober 1982 yn Ljouwert en waard kremearre yn Goutum.Rou-advertinsje, Ljouwerter Krante, 11 oktober 1982
Kategory:Frysk assuradeur Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn Rie Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1982 Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau