Valeska Judith Satsuki, skûlnamme foar Judith Boer (Djakarta, 17 novimber 1935 – Húns, 8 april 2013),Artikel oer Nico Verhoeven yn De Moanne, wêryn't berte- en stjertegegevens fan Boer neamd wurde wie in byldzjend keunstneresse.
Har techniken wiene oaljeferve, akwarel en tekening. Underwerpen en rjochting wiene bisten en minsken (portretten) yn dreamerige trant. Nei in byldhou-oplieding ûntwikkele se benammen har skilderkant.
Wurke sûnt 1967 yn de mande mei Nico Verhoeven († 1974), mei wa't se "printpoëzij" ûntwikkele: hja tekent, hy skriuwt in poetyske tekst yn de tekening, hja folt mei linen oan, hy makket it wurk kompleet mei oproppen tekst.
De provinsje Fryslân kocht in oantal wurken fan har oan.
Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan stoarn yn Húns Kategory:Persoan berne yn 1935 Kategory:Persoan stoarn yn 2013