Foarfallen 1465 - Kening Karel VIII fan Sweden wurdt ôfsetten. Geastlike Kettil Karlsson Vasa wurdt regint fan Sweden. 1648 - De Frede fan Meunster wurdt tekene; dêrmei wurdt de Tachtichjierrige Oarloch beëinige. 1661 - Yn Ingelân wurdt it lyk fan Oliver Cromwell en inkele hege meistanners út de grêfkelder yn Westminster Abbey helle, troch de strjitten sleept, ophong en ûnthalze. De hollen wurde op peallen stutsen wylst de oare resten efterlitten wurde op in dongbult. Dit bart op de dei dat, tolve jier ferlyn, kening Karel I ûnthalze waard. 1820 - Edward Bransfield ûntdekt Antarktika. 1933 - Adolf Hitler wurdt kânselier fan Dútslân. 1940 - 6e alvestêdetocht wûn troch P. Keizer, A. Adema, C. Jongert, D. van der Duim en S. Westra yn in tiid fan 11.30 oere. 1948 - Iepening fan de Olympyske Winterspullen yn Sankt Moritz, Switserlân. 1969 - It lêste publike konsert fan The Beatles op it dak fan it Apple Records gebou. It impromptu konsert wurdt troch de plysje ôfbrutsen. 1972 - Bloody Sunday, yn it Noard-Ierske Derry wurde 13 ûnbewapene boargers troch Britske paratroepen deasketten. 2007 - Microsoft bringt Windows Vista út.

Berne 1563 - Franciscus Gomarus, Nederlânsk teolooch († 1563) 1720 - Charles De Geer, Sweedsk ûndernimmer en entomolooch ( †1778) 1845 - Arnoldus Johannes Andreae, Frysk notaris en skiedkundige († 1899) 1845 - Bernard Blommers, Nederlânsk keunstskilder en etser († 1914) 1882 - Franklin D. Roosevelt, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1945) 1908 - Enrico Poggi, Italjaansk siler († 1976) 1911 - René Duverger, Frânsk gewichtheffer († 1983) 1927 - Olof Palme, premier fan Sweden († 1986) 1929 - Jan Kuperus, Frysk sakeman, topman Friesland Bank († 2011) 1938 - Marcel van Dam, Nederlânsk politikus, kollumnist en bestjoerder 1941 - Dick Cheney, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten († 2025) 1948 - Rudi Koopmans, Frysk bokser 1955 - Wiebe Nijenhuis, Frysk sterke man († 2016) 1970 - Hans Vonk, Súdafrikaansk-Nederlânsk fuotballer 1980 - Kaaris (Okou Gnakouri), Frânsk-Ivoariaansk rapper 1981 - Afonso Alves, Brazyljaansk fuotballer 1986 - Janneke Brakels, Frysk sjongster en komponiste

Ferstoarn 1384 - greve Loadewyk II fan Flaanderen (* 1330) 1649 - kening Karel I fan Ingelân (* 1600) 1793 - Armand Tuffin de la Rouërie, Bretonsk generaal (* 1751) 1858 - Coenraad Jacob Temminck, Nederlânsk biolooch (* 1778) 1908 - Thomas Hill, Ingelsk-Amerikaansk keunstskilder (* 1829) 1935 - Gerben Nammens Bouma, Frysk dokter en politikus (* 1858) 1948 - Mahatma Gandhi, Yndiaask polityk en sosjaal aktivist (* 1869) 1951 - Ferdinand Porsche, Eastenryksk autofabrikant (* 1875) 1975 - Kurt Helbig, Dútsk gewichtheffer (* 1901) 1975 - Charles McIlvaine, Amerikaansk roeier (* 1903) 1982 - Hoatse de Jong, Frysk skriuwer (* 1884) 1982 - Lightnin' Hopkins, Amerikaansk sjonger (* 1912) 1994 - Pierre Boulle, Frânsk skriuwer (* 1912) 1994 - Jan Schaefer, Nederlânsk politikus (* 1940) 2012 - Doeschka Meijsing, Nederlânsk skriuwster (* 1947) 2017 - Eiður Svanberg Guðnason, Yslânsk politikus (* 1939) 2024 - Jan de Rooy, Nederlânsk rallykoereur (* 1943) 2025 - Richard Button, Amerikaansk keunstrider (* 1929) 2026 - Catherine O'Hara, Kanadeesk-Amerikaansk aktrise (* 1954)

Feestdei Roomsk-katolieke kalinder: De Trije Hiërargen

Kategory:Datum 30