Foarfallen 1119 - Guido fan Wenen wurdt ta paus Kalikstus II keazen.. 1653 - Nij-Amsterdam, it hjoeddeiske New York, kriget stedsrjochten. 1848 - It Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo makket in ein oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. Under de ôfspraken fan dit ferdrach leit Meksiko him del by de Amerikaanske anneksaasje fan Teksas en moat it it Amerikaanske Sudwesten en Opper-Kalifornje ôfstean oan 'e Feriene Steaten. 1935 - De leagendetektor wurdt foar it earst testen. Leonard Keeler docht it eksperimint yn Wisconsin. 1943 - Yn Stalingrad jout it Dútske Sechsde Leger him oer oan 'e Russen. 1996 - Rintje Ritsma fan de Lemmer wurdt yn Inzell foar de twadde kear wrâldkampioen reedriden oer-alles. 2002 - Kroanprins Willem-Alexander fan Nederlân boasket oan Máxima Zorreguieta.

Berne 1455 - kening Hâns fan Denemark († 1513) 1596 - Jacob fan Campen, Nederlânsk [keunstskilder en arsjitekt († 1657) 1780 - Johannes van den Bosch, Nederlânsk militêr en politikus († 1844) 1842 - Ben Clark, Amerikaansk gids, tolk en ferkenner († 1914) 1847 - James Porter, Amerikaansk militêr († 1876) 1861 - Solomon R. Guggenheim, Amerikaansk keunstsamler († 1949) 1882 - James Joyce, Iersk skriuwer († 1941) 1898 - Fien de la Mar, Nederlânsk aktrise en kabaretiêre († 1965) 1905 - Ayn Rand, Sovjet-Amerikaansk skriuwster († 1982) 1908 - Lieuwe Hornstra, Frysk dokter en frisiast († 1990) 1914 - Cornelis Kamminga, Frysk keatser († 1996) 1918 - Ernst van der Beugel, Nederlânsk politikus († 2004) 1918 - Hella Haasse, Nederlânsk skriuwster († 2011) 1926 - Valéry Giscard d'Estaing, presidint fan Frankryk († 2020) 1927 - Æbe Haima, Frysk keatser († 2002) 1927 - Sjakie Schram, Nederlânsk folkssjonger († 1989) 1931 - Dries van Agt, premier fan Nederlân († 2024) 1934 - Riek Landman, Frysk skriuwster 1944 - Geoffrey Hughes, Ingelsk akteur († 2012) 1947 – Farrah Fawcett, Amerikaansk aktrise († 2009) 1958 - Franke Sloothaak, Frysk-Dútsk springruter 1965 - Ramon, Amerikaansk pornoakteur 1976 - Vivienne Clash, Hongaarsk pornoaktrise 1987 - Håvard Bøkko, Noarsk reedrider 1990 - Rixt Weiland, Frysk skriuwster

Ferstoarn 1542 - Georg Schenk fan Toutenburch, Dútsk ealman, steedhâlder fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel (* 1480) 1592 - doña Ana de Mendoza, prinsesse fan Éboli, Spaansk ealfrouwe en politika (* 1540) 1660 - Govert Flinck, Nederlânsk keunstskilder (* 1615) 1938 - Frederick William Vanderbilt, Amerikaanske ûndernimmer (* 1856) 1945 - Ids de Beer, Frysk fersetsstrider (* 1916) 1964 - Jakob Brendel, Dútsk wrakselder (* 1907) 1969 - Boris Karloff (William Henry Pratt), Ingelsk akteur (* 1887) 1979 - Sid Vicious, Ingelsk muzikant (* 1957) 1980 - Hanna Beekhuis, Frysk komponiste en pianiste (* 1889) 1987 - Alistair MacLean, Skotsk skriuwer (* 1922) 1994 - Marija Gimbutas, Litousk-Amerikaansk argeologe (* 1921) 1996 - Gene Kelly, Amerikaansk akteur en dûnser (* 1912) 2022 - Klaas Tuinstra, Frysk politikus (* 1945)

Kategory:Datum 02