thumb|Tekening fan de keabelbaan yn Dantzig mei in portret fan Wybe Adam Wybe Adam, ek bekend as Adam Wiebe, Adam Wybe, Wiebe Adams en Adam Wijbe (Harns, 12 july 1584Deutsches Geschlechterbuch, Band 132. s. 204 Dueck, Ulrich (1986). die Familie Rahn von Tiegenhof - Dantzig, 1653) wie in yngenieur- mûnebouwer en útfiner. Wybe wie nei alle wierskyn menist om reden wêrfan't er nei it bûtenlân ferfear.
Yn 1616 festige er him yn Dantzig (Adam der Mühlenbauer), dêr't er wetterleidingen oanlizze liet en gemalen boude. Yn 1633 waard er yngenieur by de oanlis fan festingswerken. By it sljochtsjen fan de Bisschofsberg by Danzig yn 1644 brûkte er ien fan de earste keabelbanen fan de wrâld om amers mei sân nei de stedswâlen yn oanbou te ferfieren.
Hy wurke ek yn Elbing, Thorn of Riga. Yn Warsjau wie er wer belutsen by de festingbou en waard er 1623 fan de Poalske kening Sigismund III ta Keninklik Yngenieur beneamd.
Wybe wie teffens útfiner en krige 1637 fan de stêd Danzig in patint op in iisseage.Franz M. Feldhaus, Die Säge, J. D. Domenicus, Berlin und Remscheid-Vierunghausen (1921) digitalisearre
Kategory:Frysk yngenieur Kategory:Frysk útfiner Kategory:Frysk anabaptist Kategory:Frysk balling Kategory:Poalsk yngenieur Kategory:Poalsk útfiner Kategory:Poalsk anabaptist Kategory:Poalsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1584 Kategory:Persoan stoarn yn 1653