Jacobus Willem (Koos) Dalstra (Ljouwert, 18 oktober 1950) is in Nederlânsk dichter en byldzjend keunstner. Hy brûkte de skûlnamme Dalstar, en hearde yn de jierren 1980 by de troch him oprjochte Maksimalen.
Dalstra waard grut yn Snits. Syn heit wie haad fan de akwisysje-ôfdieling fan de Ljouwerter Krante. Dalstra studearre sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins, en waard yn de jierren tachtich bekend as dichter/performer ûnder de namme Dalstar. Hy skreau it manifest Maksimale Keunst dat as ôfreispunt jildt foar de keunstnersgroep de Maksimalen.
Yn de jierren 1990-1999 wenne Dalstra yn Amsterdam en wie befreone mei de keunstner Rob Scholte. Scholte beskuldige Dalstra letter fan de oanslach op syn libben. Der folge in rjochtsproses fanwegen hún. Scholte moast fan de rjochter skea fergoedzje, mar hy gie yn heger berop.
Dalstra hâldt no ta yn Flissingen. Yn 2009 wie er gadingmakker foar de funksje fan stedsperformer fan Ljouwert.
Keppelings om utens Offisjele webside Oersjoch fan útstallingen en oare aktiviteiten
Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1950