thumb|Ram Narayan yn 2010 yn Delhi thumb|alt=Narayan and an accompanist perform in an old building.|Narayan fiert de nachtraga Jog út op it Shiraz Arts Festival yn Iran yn de jierren 1970 Ram Narayan (Udaipur, 25 desimber 1927 - 9 novimber 2024) wie in Yndiaask muzikant, hy spile op de sarangi.

Karriêre Narayan waard berne ûnder Udaipur en learde al jong de sarangi te bespyljen. Hy studearre ûnder sarangispilers en sjongers en wurke as tsiener as muzyklearaar en reizgjend muzikant. Yn 1944 waard er oannaam by All Indian Radio yn Lahore as begelieder fan sjongers. Nei de dieling fan Yndia ferhuze Narayan yn 1947 nei New Delhi, mar, troch syn winsk fierder te gean as syn stypjende rol yn'e muzyk, ferhuze er yn 1949 nei Bombay om by de Yndiaaske filmyndustry oan it wurk te gean.

Nei in net suksesfol besykjen yn 1954, waard Narayan yn 1956 solo-artyst ek foar konserten en hold mei begelieding fan oaren op. Hy makke solo-albums en toerde mei syn âldere broer Chatur Lal, in tabla-spiler, troch Europa en Amearika yn de jierren 60. Narayan joech les oan Yndiaaske en bûtenlânske studinten en trede oant 2013 op, ek geregeld bûten Yndia.

Yn 2005 krige er de op ien nei heechste ûnderskieding fan Yndia foar boargers, de Padma Vibhushan.

Narayan ferstoar op 9 novimber 2024 yn'e âldens fan 96 jier. Ram Narayan Passed Away: मशहूर सारंगी वादक राम नारायण का 96 साल में निधन, दुनियाभर में बनाई पहचान

Keppelings om utens Offisjele webstee

Kategory:Yndiaask muzikant Kategory:Radjastaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2024