thumb|Gerard Wigmana, gravuere fan Bernard Picart yn 1727, neffens in selsportret út 1722
Gerard Wigmana, berne as Gatze Wigmana, (Warkum, 27 septimber 1673 - Amsterdam, 27 maaie 1741), wie in Frysk keunstskilder. Yn 1699 besocht er Parys en Rome. Hy waard wol de 'Fryske Rafael' neamd. Hy wie learmaster fan de dochters fan prinsesse Henriëtte Amalia fan Anhalt (1702).
Biografy
Yn 1697 skildere er in apart groepsportret fan in húshâlding oan it iten, mei de titel 'Boargemaster Saco fan Aitzema fan Dokkum en de frou biede Tsaar Peter de Grutte in miel oan yn Amsterdam'.Dokkum blog Dêrnei reizge er nei Rome, neffens Houbraken omdat Wigmana de skilder Daniel Seiter yn Rome moete hie yn 1699.Daniel Syder biography in De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (1718) by Arnold Houbraken, Digital library for Dutch literature Houbraken neamt him wer yn syn biografyske skets fan Pieter van Mierevelt, meidat Wigmana ien fan dy syn skilderijen besiet. Houbraken wie fan doel om ek in biografyske skets fan Wigmana te skriuwen (as er mei De groote schouburgh oan bertejier 1673 ta wie), mar hy stoar al foar de publikaasje fan Diel III, dy't einige mei it jier 1659. Neffens de RKD wie er in learling fan Jelle Sibrands en krige er yn Rome de bynamme Friese Raphael.Gerard Wigmana by de RKD Johan van Gool neamt Wigmana in narcissus yn syn biografyske skets fan him. Neffens Van Gool wie Wigmana yn 1700 yn Rome, mar krige er syn bynamme net as lid fan de Bentvueghels, mar faaks omdat er sa'n protte wurk fan Rafael neiskildere. Gerard Wigmana Biography, page 278 yn Nieuwe Schouburg, (1750) by Jan van Gool, 'Inghist.nl' Wigmana skreau in boek oer skilderkeunst dat nei syn dea yn 1742 útjûn waard, it boek jout ek syn autobiografy mei in gravuere troch Bernard Picart neffens in selsportret.
Wurk fan him is ûnder mear te sjen yn it Frysk Museum en yn it stedhûs fan Ljouwert.
Keppeling om utens
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Warkum Kategory:Persoan berne yn 1673 Kategory:Persoan stoarn yn 1741