Museum Flehite is it histoaryske museum foar Amersfoart en Iemlân. Museum Flehite makket mei it Armando Museum, Keunsthal KAdE, it Mondriaanhûs en it KAdE Arsjitektuersintrum diel út fan de Stichting Amersfoort in C.

Skiednis thumb|left|200px|Museum Flehite thumb|left|200px|Efterside Museum Flehite It is yn 1880 oprjochte troch de Aldheidkundige Feriening Flehite (1878), de namme komt fan it âlde goa Flehite (of eigentlik Flethite). Yn 1890 waard it earste fan de hjoeddeiske trije gebouwen oan de Breestrjitte ynrjochte. Sûnt 1976 wurdt it museum beheard troch in aparte stichting.

Fan 2007 oant 2009 wie it museum sluten yn ferbân mei de ûntdekking (en it weiheljen fan) asbest, en dêrnei in grutte ferbouwing. Oant dy tiid waarden de tentoanstelling op oare plakken hâlden. Op 16 maaie 2009 gie it wer iepen foar publyk.

Kategory:Amersfoart Kategory:Bouwurk yn Amersfoart Kategory:Museum yn Utert (provinsje) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1880