De Esk (Fraxinus excelsior) is in plantesoarte út de olivefamylje (Oleaceae). It is in leafbeam dy't lânseigen is yn Jeropa. It is in beam dy't frijwat hurd waakst en sa'n 40 m heech wurde kin.

Groei De beam hat in ûneven fearre blêd, dat út sân oant trettsjin dielblêden bestiet. De lansetfoarmige blêden, sûnder stâlen, steane krúslings tsjin inoar oer. De kroan fan de beam is iepen, sadat er in soad ûndergroei mooglik is. Yn de winter ferliest de beam syn blêd.

De Esk bloeit ear't it blêd der is. It blêd komt trije oant fjouwer wiken letter as by de measte oare beammen. De fruchten hawwe wjukjes dy't helpe by de fersprieding op de wyn. De knoppen binne swart, mei koart, filteftich hier en in koart staltsje. De bast bliuwt lang glêd en geef, by de âldere beam komme der ticht op elkoar steande greven yn.

Fersprieding In esk freget fiedsume grûn mei leafst wetter tichteby of wiete grûn. In natuerlik eskebosk ûntstiet dan ek yn beekdellings. Yn Fryslân is de Esk sadwaande fral in beam fan de klaai.

De Esk komt foar op hast it hiele Jeropeeske kontinint, yn súd-Noarwegen en Sweden, east fan de Swarte See yn de Kaukasus en yn in smelle strook yn noard-Spanje. Fierders ek yn de Britske Eilannen, mar sûnder noardlik Skotlân en ek net yn noardwest Ierlân.

Tapassings It siedwinnen kin yn twa tiden dien wurde. Yn de earste helte fan augustus is it sied noch grien, mar kin al siedde wurde, omdat it dan noch gjin kiemrêst hat. Ornaris bliuwt it sied de hiele winter sitten en moat de perioade fan de kiemrêst dien wêze ear't it sied útrinne kin en rispe wurde kin.

It hout fan de Esk is ljocht fan kleur, taai en sterk. Fanwegen dy eigenskippen wurdt it hout brûkt foar de lizzers fan gymnastyktastellen en foar stâlen fan bilen, foarken en botsen en út reden fan de flamtekening ek foar meubels, flierren en treppen. Eartiids waarden jonge tûken wol as iten foar fee brûkt. De duorsumens fan eskenhout bûtendoar is lykwols frijwat leech: it wurdt yndield yn klasse 5, de leechste klasse.

De Esk is, lykas de Wylch geskikt om knotte te wurden.

Alde esken yn Nederlân Yn it Arboretum Trompenburg te Rotterdam stean in stikmannich esken út 1870. Yn de polder Nieuw Bonaventura tusken Strijen en 's-Gravendeel stie oant 2001 in âlde esk fan hast 180 jier. Yn Dwersgrêft (ûnder Giteren) stiet de âldste esk fan Nederlân; hy is mear as 220 jier.

Keppelings om utens Ynformaasje oer eskenhout by it Sintrum Hout

Kategory:Plantesoarte Kategory:Esk (skaai) Kategory:Beam Kategory:Lânseigen floara yn Abgaazje Kategory:Lânseigen floara yn Albaanje Kategory:Lânseigen floara yn Andorra Kategory:Lânseigen floara yn Armeenje Kategory:Lânseigen floara yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen floara yn Belgje Kategory:Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen floara yn Bulgarije Kategory:Lânseigen floara yn Denemark Kategory:Lânseigen floara yn Dútslân Kategory:Lânseigen floara yn Eastenryk Kategory:Lânseigen floara yn Estlân Kategory:Lânseigen floara yn Finlân Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Fryslân Kategory:Lânseigen floara yn Georgje Kategory:Lânseigen floara yn Grikelân Kategory:Lânseigen floara yn Guernsey Kategory:Lânseigen floara yn Hongarije Kategory:Lânseigen floara yn Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Ingelân Kategory:Lânseigen floara yn Iran Kategory:Lânseigen floara yn Itaalje Kategory:Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Jersey Kategory:Lânseigen floara yn Kazachstan Kategory:Lânseigen floara yn Kosovo Kategory:Lânseigen floara yn Kroaasje Kategory:Lânseigen floara yn Letlân Kategory:Lânseigen floara yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen floara yn Litouwen Kategory:Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen floara yn Man Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen floara yn Moldaavje Kategory:Lânseigen floara yn Montenegro Kategory:Lânseigen floara yn Nederlân Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Noarwegen Kategory:Lânseigen floara yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen floara yn Poalen Kategory:Lânseigen floara yn Roemeenje Kategory:Lânseigen floara yn San Marino Kategory:Lânseigen floara yn Servje Kategory:Lânseigen floara yn Skotlân Kategory:Lânseigen floara yn Sloveenje Kategory:Lânseigen floara yn Slowakije Kategory:Lânseigen floara yn Spanje Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen floara yn Sweden Kategory:Lânseigen floara yn Switserlân Kategory:Lânseigen floara yn Tsjechje Kategory:Lânseigen floara yn Turkije Kategory:Lânseigen floara yn Wales Kategory:Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân