Willem Westra (Arum, 18 april 1862 - Ljouwert, 21 febrewaris 1923),Berte- en stjerdata fan Willem Westra wie in ûnderwizer en keatsbestjoerder.

Biografy Westra waard yn 1862 yn Arum berne as soan fan Sikke Riemers Westra en Aafke Willems Jagersma. Hy waard ûnderwizer yn Frjentsjer. Hy wie foarsitter fan de yn 1893 oprjochte Frjentsjerter keatsferiening Jan Bogtstra. Op 7 juny 1897 rjochte er it Nederlânske Keatsbûn op. Hy wie de earste foarsitter fan it bûn, in funksje dy't er yn goed 25 jier ferfolle oant syn ferstjerren yn 1923. thumb|left|De Westrabank yn Frjentsjer (2019) Yn 1923 waard yn syn berteplak Arum de pleatslik keatsferiening nei him neamd, de KV Willem Westra. Yn 1937 waard - by gelegenheid fan it 40 - jierrich jubileum fan it Nederlands Kaatsbond - ta eare fan him op it bolwurk yn Frjentsjer in monumint ûntbleate. It monumint bestiet út in stiennen bank mei yn it midden in fontein en in plakette mei syn ôfbylding. By de ûntbleating wiene Schimmelpenninck van der Oye en Karel Lotsy út namme fan it NOC oanwêzich."Kaatsen" yn de Provinciale Drentsche en Asser Courant d.d. 22 maaie 1937By it 40 - jierrich jubileum ferskynde yn it Nieuwsblad van Friesland in searje artikels, dêr't ûnder oare de rol fan Westra wiidweidich yn beskreaun waard. Nieuwsblad van Friesland, april/maaie 1937

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Persoan berne yn Arum Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1862 Kategory:Persoan stoarn yn 1923 Kategory:Keatsen