Christiaan de Vries, (De Lemmer, 16 jannewaris 1911 - Achterveld, 12 maaie 1940) wie in drukker dy't sneuvele as huzaar yn de Twadde Wrâldoarloch.
Yn Achterveld by de ôfslach nei Terschuur kaam syn rezjimint yn botsing mei de besetter. In oantal huzaren wist te ûntkommen, sechtich huzaren waarden finzen nommen en fjirtjin huzaren sneuvelen, wêrûnder korporaal Christiaan de Vries. Yn it buorskip De Kieftkamp yn Achterveld stiet in read boerdsje mei alle sneuvelen. Op 16 maaie 1990 is in tinkstien yn Achterveld ûnthuld. Op de Lemmer is de Christiaan de Vriesstrjitte nei him neamd.
Kategory:Frysk drukker Kategory:Frysk soldaat Kategory:Frysk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Terschuur Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne op De Lemmer Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1940