Jacob Walstra (Ljouwert, 15 maart 1918 – Hyrum, Cache County, Utah, 17 juny 1985) wie in atleet.

Walstra waard berne as soan fan Jochum Walstra en Baukje Nijp.Berte-akte, AlleFriezen Hy troude op 19 novimber 1938 yn Ljouwert mei Tjimkje Hoeksma (1920–2013).Houliksakte, AlleFriezen

Hie yn 1947 koarte tiid mei 9.52,2 sek. it Nederlânsk Rekord op de 3000 m. steeple-chase. Yn datselde jier waard er Nederlânsk Kampioen op de 10 kilometer.

Yn 1950, nei de Twadde Wrâldkriich, emigrearre de famylje nei de Feriene Steaten, dêr't se in deli iepenen yn Salt Lake City. Harren soan Jochum (Joe) Walstra (1939–1961) ferstoar by in auto-ûngelok yn Tucker, Utah County. Utah Motorist Dies In Canyon Crash, The Salt Lake Tribune, 21 maaie 1961

Walstra ferdronk op 17 juny 1985 by it fiskjen, tichtby it Porcupine Reservoir. Angler Drowns in Cache County Stream, The Salt Lake Tribune, 19 juny 1985 Hy frege syn 14-jierrige pakesizzer Joey om al nei de auto te gean. Nei in koarte perioade gie de pakesizzer werom en seach gjin spoar fan syn pake. Sheriff Sid Groll en in dûkteam fûnen letter dy dei it lichem fan Jacob Walstra. Joey, dy't waard grutbrocht troch pake en beppe, fersoarge syn beppe oant har dea op 10 jannewaris 2013. Obituary: Walstra, Tjimkje, Deseret News, 17 jannewaris 2013

Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Frysk lange-ôfstânsdraver Kategory:Frysk horderinner Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 1985