thumb|Philippus van Blom

Philippus van Blom (Aldegea, 16 augustus 1824 - De Haach, 13 april 1910) wie in jurist, politikus en skriuwer.

Philippus wie in soan fan Jan Gelinde van Blom, notaris te Drachten. Van Blom wie advokaat en presidint fan de rjochtbank op It Hearrenfean fan 1886 oant 1901; lid fan de Hege Ried; skoalopsjenner fyfde distrikt (1865-1880); liberaal lid fan de Twadde Keamer (1865/67 en 1880-1886); lid Provinsjale Steaten fan Fryslân (1871-1886); lid fan it Frysk Genoatskip, it Frysk Selskip en fan de Staveringskommisje-1876.

Van Blom skreau juridyske en histoaryske artikelen, Fryske gedichten en in Beknopte Friesche Spraakkunst (1889). teffens wie er meiwurker oan it Frysk Wurdboek.

Bibliografy De alde fryske wetten oer de sédiken in 't liacht der skiednis beskôge (1863) Beknopte Friesche spraakkunst voor den tegenwoordigen tijd (1889) Bijdrage tot de Geschiedenis van Oud-Friesland vóór het jaar 1000 (1899) Ferskate publikaasjes oer de Fryske (rjochts)skiednis, ûnder mear yn de Friese Volksalmanak Bydragen oan it Friesch Woordenboek

Keppeling om utens Wiidweidige biografy by de DBNL

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Frysk liberaal Kategory:Frysk publisist Kategory:Wurdboekskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn Aldegea (Smellingerlân) Kategory:Persoan berne yn 1824 Kategory:Persoan stoarn yn 1910