thumb|175px|Tsjerke en klokkestoel fan Suderdragten, 1723 Suder Drachten, ek: Suderdrachten wie in doarp oan de eastkant fan de Drait. It is nei de oanlis fan de Drachtster Feart mei Noarder Drachten útgroeid ta Drachten. De tsjerke, dêr't noch in ienfâldige tekening fan Bearn Lap fan bekend is, stie op it plak fan it âlde tsjerkhôf oan de Boargemaster Wuitewei. Hy hie wol wat fan dy fan Koartehimmen.
It boeredoarp sil syn namme ûntliend hawwe oan de Drait, yn 1543 noch Dracht neamd. Der wurdt oannaam dat Noarder- en Suder drachten om 1150 ûntstien binne., Drentelen door Drachten, yn Drok, drok Drachten, 1970.
Oant 1667 foarmen Noarder- en Suder Drachten in tsjerklike kombinaasje mei Boarnburgum en Koartehimmen. Doe waarden de beide doarpen te grut en kaam der ien predikant foar de beide Drachtens., Drachtster namen. Toponymie van Drachten (1997).Side 14
Op it plak fan de âlde tsjerke fan Suder Drachten is om 1900 it Suderbegraafplak (Burg. Wuiteweg 85) oanlein. Ronald Stenvert et al, Monumenten van Nederland. Fryslân. Drachten, 2000
Sjoch ek Noarder Drachten
Kategory:Skiednis fan Drachten Kategory:Doarp of stêd yn Smellingerlân Kategory:Earder plak yn Fryslân