De kantroas, kantsjeroas, kantsjebeam (Rosa canina; Nederlânsk: Hondsroos) is in yn de Benelúks yn de natoer foarkommende roas út de famylje Rosa caninae. De strûk komt foar yn Jeropa, Noardwest-Afrika en Súdwest-Aazje. Yn Noard-Amerika is de plant ynbrocht. De plant is foar it earst wittenskiplik beskreaun troch Linaeus yn 1753.

Beskriuwing De strûk wurdt 1 oant 3 meter heech. De blêden en tûken binne grien of kinne somtiden út in readens skine en hawwe gjin klieren oan de ûnderkant. De stikels binne meast heakfoarmich bûgd. Rosa canina 'Assisiensis' is in kultivar sûnder toarnen.

De kantroas bloeit yn juny en july mei 4-6 cm grutte, wite of rôze blommen. De kroanblêden binne folle langer as de tsjelkblêden. De frucht is in ovale, read-oranje, 1,5-2 cm grut kantsjes. De sieden kinne har sûnder befruchting (apomiksy) ûntjaan.

Dizze roas komt foar op grûn dêr't wat yn sit, net al te soere, net al te tsjustere plakken. Mei syn stikels beskermet er him tsjin fretterij. De kantroas komt benammen oan boskrânen, yn hagen en yn strewiel foar. De blommen wurde fan bijen bestowd, de kantsjes wurde graach iten yn de moannen desimber, jannewaris en febrewaris, troch allerhanne fûgels, sa as de readwjuk en de fjildlyster.

Op de kantroas komt de bedeguaargal foar, in woekering feroarsake troch de galbrims Diplolepis rosae.

Namme It elemint honds- (hûn) dat yn in protte talen oan de namme fan dizze roas hinget, stammet út de antike genêskunde: de plant waard brûkt tsjin hûnsdûmens (rabiës).

Nammen yn oare talen Dútsk: Hundsrose Ingelsk: Dog Rose Frânsk: Églantier, Rosier des chiens, "hûneroas". Sweedsk: stenros, "stienroas." Noarsk: steinnype, "stiennen heup." Deensk: hunderose, "hûneroas." Azerbeidzjaansk: itburunu, "hûnenoas."

Tapassing Fan de kantsjes wurdt ûnder oaren jam en sjerp makke. Dizze jam befettet in soad fitamine C. Fierders sit der ek karoteen, fitamine B1 en fitamine B2 yn. De plant is teffens ryk oan beskate anti-oksidanten. en is wol tylt foar boppeneamde produkten, fral yn tiden fan tekoarten of yn oarlochstiid.

Yn de Fietnamkriich, waard Rosa canina wol drûge troch soldaten en yn tabak dien. It smoken joech in myld hallúsinogeen effekt en abnormale dreamen.Ninh, Bao: The Sorrow of War, 1995

Ofbylden

Kategory:Plantesoarte Kategory:Roas (skaai) Kategory:Lânseigen floara yn Abgaazje Kategory:Lânseigen floara yn Albaanje Kategory:Lânseigen floara yn Andorra Kategory:Lânseigen floara yn Armeenje Kategory:Lânseigen floara yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen floara yn Belgje Kategory:Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen floara yn Bulgarije Kategory:Lânseigen floara yn Denemark Kategory:Lânseigen floara yn Dútslân Kategory:Lânseigen floara yn Eastenryk Kategory:Lânseigen floara yn Estlân Kategory:Lânseigen floara yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen floara yn Finlân Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Fryslân Kategory:Lânseigen floara yn Georgje Kategory:Lânseigen floara yn Gibraltar Kategory:Lânseigen floara yn Grikelân Kategory:Lânseigen floara yn Guernsey Kategory:Lânseigen floara yn Hongarije Kategory:Lânseigen floara yn Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Ingelân Kategory:Lânseigen floara yn Itaalje Kategory:Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Jersey Kategory:Lânseigen floara yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen floara yn Kazachstan Kategory:Lânseigen floara yn Kosovo Kategory:Lânseigen floara yn Kroaasje Kategory:Lânseigen floara yn Letlân Kategory:Lânseigen floara yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen floara yn Litouwen Kategory:Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen floara yn Malta Kategory:Lânseigen floara yn Man Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen floara yn Moldaavje Kategory:Lânseigen floara yn Monako Kategory:Lânseigen floara yn Montenegro Kategory:Lânseigen floara yn Nederlân Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Noarwegen Kategory:Lânseigen floara yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen floara yn Poalen Kategory:Lânseigen floara yn Portegal Kategory:Lânseigen floara yn Roemeenje Kategory:Lânseigen floara yn San Marino Kategory:Lânseigen floara yn Servje Kategory:Lânseigen floara yn Sibearje Kategory:Lânseigen floara yn Skotlân Kategory:Lânseigen floara yn Sloveenje Kategory:Lânseigen floara yn Slowakije Kategory:Lânseigen floara yn Spanje Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen floara yn Sweden Kategory:Lânseigen floara yn Switserlân Kategory:Lânseigen floara yn Syprus Kategory:Lânseigen floara yn Tsjechje Kategory:Lânseigen floara yn Turkije Kategory:Lânseigen floara yn Wales Kategory:Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Algerije Kategory:Lânseigen floara yn Irak Kategory:Lânseigen floara yn Iran Kategory:Lânseigen floara yn Israel Kategory:Lânseigen floara yn Jordaanje Kategory:Lânseigen floara yn Libanon Kategory:Lânseigen floara yn Marokko Kategory:Lânseigen floara yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen floara yn Palestina Kategory:Lânseigen floara yn Syrje Kategory:Lânseigen floara yn Tuneezje Kategory:Lânseigen floara yn Turkmenistan Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Kanada