Krummhörn is in gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen mei in oerflak fan goed 159 km². Bestjoerlik heart de gemeente by de lânkring Auwerk. Krummhörn leit yn East-Fryslân en hat ynwenners ().

De gemeente hat in sterk agrarysk karakter en toerisme is fral yn it fiskerplak Greetsiel wichtich. De bewenners hawwe fral harren wurk yn Emden en in grut part fan 'e befolking is forins. Hast elts doarp hat in histoaryske tsjerke en de âldste stamt út de 13e iuw. Fral de krústsjerke fan Pilsum is ferneamd.

Skiednis Histoarysk-geografysk is it gea tusken Greetsiel en Oldersum bekend as Krummhörn, in krite dat de hjoeddeiske gemeenten Krummhörn, Hinte, Emden en parten fan Moormerland omfiemet. De namme Krummhörn betsjut krûme hoeke (Krûmharne).

Mear as trije iuwen lang hat de haadlingefamylje fan 'e Sirksena's út Greetsiel greven en letter foarsten fan Eastfryslân levere.

Iuwenlang foarme natoerlik leech lizzend lân en de ôfwetteringskanalen, dy't Krummhörn as in ticht netwurk trochkrúste, de wichtichste ferkearsier. Oer sleatten en kanalen wiene net allinnich doarpen, mar ek in soad pleatsen mei de stêd Emden en it havenplak Greetsiel ferbûn. Benammen it boatferkear mei Emden wie fan grut belang. Doarpsskippers soargen foar it befoarriedzjen fan de doarpen mei guod út 'e stêd en leveren oarsom lânbouprodukten ôf, mei saneamde loogskippen ("loog" bestjut doarp, ferlykje it Grinslânske loug). Oant yn 'e 20e iuw soargen dy loogskippen út Krummhörn foar in soad warberens op de kanalen nei Emden.Harm Wiemann, Johannes Engelmann: Alte Straßen und Wege in Ostfriesland. Selbstverlag, Pewsum 1974, side 169 (Ostfriesland im Schutze des Deiches; 8) Pewsum wie oer it Pewsumer Djip en it Larrelter Djip ferbûn mei de seehavenstêd en is dat winliken hjoed-de-dei noch hieltyd, hoewol't it Knockster Djip, dat yn 'e 19e iuw ferbrede waard, sûnt in ferbining foarmet tusken de Pewsumer en Larrelter Djip.

Turf, dy't benammen yn de Eastfryske feangebieten wûn waard, spile iuwen in wichtige rol as brânje foar de ynwenners fan Krummhörn. De turfskippen ferfierden it materiaal oer it Eastfryske kanaalnetwurk nei de doarpen fan Krummhörn. Op harren weromwei nei de feangebieten namen de turfskippers gauris klaaigrûn út 'e mersk en de dong fan it fee mei, dêr't se thús harren ôfgroeven feangebieten mei bedongen.Gunther Hummerich: Die Torfschifffahrt der Fehntjer in Emden und der Krummhörn im 19. und 20. Jahrhundert. Yn: Emder Jahrbuch für historische Landeskunde Ostfrieslands, diel 88/89 (2008/2009), siden 142–173

De gemeente Krummhörn is yn 1972 ûntstien út in gemeentlike weryndieling; 19 ûnôfhinklike gemeenten binne doe gearfoege.

Gemeentlike yndieling

De gemeente Krummhörn bestiet út 19 doarpen (ynwennertallen fan 2018): Campen (492) Canum (249) Eilsum (569) Freepsum (382) Greetsiel (1328) Grimersum (534) Groothusen (448) Hamswehrum (472) Jennelt (359) Loquard (586) Manslagt (409) Pewsum, Haadplak fan de gemeente (3202) Pilsum (536) Rysum (644) Uplewert (364) Uttum (485) Visquard (693) Woltzeten (202) Woquard (186)

Polityk De gemeenteried bestiet út 30 sitten, plus de sit foar de keazen boargemaster, dy't ek riedslid is. Gearstalling:

Ferneamde persoanen Ubbo Emmius, gelearde en earste Rector Magnificus fan de Akademy te Grins, komt út Greetsiel. De famylje fan Ub Iwerks komt oarspronklik út Uttum.

Ofbylden

Keppeling om utens Webside fan de gemeente

Kategory:Auwerk (distrikt)

Kategory:Gemeente yn East-Fryslân Kategory:Gemeente yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1972