Berend de Vries (Emden, 31 desimber 1883 - dêre, 25 jannewaris/25 novimber 1959)Ferskillende boarnen jouwe ferskillende datums, wylst it dúdlik om ien en deselde persoan giet. wie in Eastfrysk skriuwer en dichter.
Berend wie in soan fan in skipskaptein; gie yn Emden nei skoalle en waard amtner by de (Seekabel)-Post en Telegrafytsjinst. Ut reden fan sûnens giet er mei 44 jier al mei pensjoen, dat hy kin him dan hielendal oan de skriuwerij oerjaan.
De Vries wie in lyrikus dy't yn it Nederdútsk en Heechdútsk skreau oer see en kust. Syn poëzij fûn ek yngong yn Fryslân. Ferskillende fan syn ferzen waarden oerset yn it Frysk, ûnder oaren troch Obe Postma en Marten Sikkema.
Hy waard ûnderskieden mei it Verdienstkreuz am Bande (1958) en him waard yn 1958 it eareboargerskip fan de gemeente Borkum ferliend.de Vries – Dichter der Insellandschaft|work=heimatverein-borkum.de
Wurk (kar-út) 1932: Schipp ahoi, Balladen und Gedichte, Hamburch 1953: Dat Schipp Mannigfual, Gedichte und Balladen, Aurich 1958: De Fahrt na't Witte Aland, ferhalen, Hamburch
Priis 1952: Klaus-GrothpriisKlaus-Groth-Priis (archivearre)
Kategory:Eastfrysk dichter Kategory:Eastfrysk skriuwer Kategory:Dútsk dichter Kategory:Dútsk lietsjeskriuwer Kategory:Dútsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Nederdútsk Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Persoan berne yn 1883 Kategory:Persoan stoarn yn 1959