Reinier Dibbets (de Klerk), ek wol: Dibbetz (Batavia, 1764 - op see foar de kust fan Nij-Guineä, 1808), wie in dokter en patriot. Hy wurdt yn guon boarnen as tige bejeftige omskreaun.

Libben en wurk Hy promovearre yn 1785 yn de medisinen oan de Universiteit fan Frjentsjer. Nei de revolúsje fan 1795 waard er griffier fan de nije Steaten en meiwurker oan de Friesche Courant. De evenredige Dibbets moast lykwols útwike nei Grins en bedarre letter yn Den Haach.

Yn Den Haach begjint er it tydskrift 'Heraclyt en Democlyt' dêr't in protte oer Fryske tastannen fan dy tiid te finen is. Hy korrespondearre mei Gerrit Paape oer de neffens him te strange strafmjitte foar de foaroanmannen fan it Kollumer Oproer; suggerearre dat yn Ljouwert 'de geast fan Robespierre' oplibbe Biografy Gerrit Paape by de DBNL.

Yn 1802 kaam er oer Brussel en Parys yn Kaapkoloanje te lâne. Dêr wied er ek praktisearjend dokter en joech er in krante út. Doe't de Britten yn 1806 de Kaapkoloanje yn hannen krigen ferfear er werom nei Batavia. Hy ferdronk lykwols yn 1808 foar de kust fan Nij-Guinea. Framing tijdens de Bataafse Revolutie. Kader hoofrolspelers Reinier Dibbetz. Fryslân Historisch Tijdschrift, maart/april 2026 s.9

Kategory:Frysk dokter Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Nederlânsk dokter Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Patriot Kategory:Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1764 Kategory:Persoan stoarn yn 1808