thumb|275px|Yngong fan it kamp no, mei it monumint op de eftergrûn thumb|275px|right|Kontrast: De filla fan de kampkommandant, 200 m fan it kamp ôf Natzweiler-Struthof wie in konsintraasjekamp fan de nazi's yn de Twadde Wrâldkriich. It leit sa'n fyftich kilometer bûten Straatsburch by it plak Natzwiller (Dútsk: Natzweiler), op 800 meter hichte yn de Fogezen. It wie it iennige Dútske konsintraasjekam op Frânske boaium. De lokaasje wie troch Albert Speer keazen út reden fan de oanwêzigens op dat plak fan granyt dat nedich wie foar de bou fan de nije haadstêd Germania.
Skiednis It kamp wie fan 21 maaie 1941 oant 23 novimber 1944 operasjoneel. Totaal waarden 40.000 minsken (út Frankryk, Nederlân, Poalen, Noarwegen, Dútslân en de Sovjet-Uny) fêstholden yn Natzweiler-Struthof. De finzenen moasten tige swier wurk dwaan. Mei troch in tekoart oan iten, tramtaasje en it hast ûntbrekken fan sanitêre foarsjennings foelen der in soad deaden. Minsken waarden ek yn de gaskeamer fan it kamp fermoarde en dan ferbârnd yn it krematoarium. Fierders binne der joaden en Sigeuners fermoarde om yn 'anatomysk materiaal' te foarsjen foar it wurk fan August Hirt fan de medyske fakulteit fan de Universiteit fan Straatsburch. 25.000 minsken stoaren foar it ein fan de oarloch. Yn septimber 1944 waard it kamp troch de SS evakuearre fanwegen tichterby kommende Alliearden. Op 23 novimber 1944 waard Natzweiler-Struthof offisjeel troch de Amearikanen befrijd.
Dit kamp wie lykas Groß-Rosen oanwiisd as Nacht und Nebel-kamp, dêr't minsken ferdwine moasten sûnder in spoar nei te litten. De famylje mocht net op de hichte brocht wurden fan it ferstjerren fan in finzene. Der hawwe likernôch 590 Nederlânske fersetsminsken mei útienrinnende politike eftergrûnen fêst sitten; der hawwe 280 fan de oarloch net oerlibbe.
Tal deaden yn Natzweiler Fan Oant Deaden maaie 1941 maart 1942 61 april 1942 maaie 1943 750 juny 1943 maart 1944 700 april 1944 septimber 1944 2.000 oktober 1944 april 1945 14.000
Kampkommandanten thumb|Josef Kramer (1945) KampkommandantPerioadeHans Hüttigapril 1941 – maart 1942Egon Zillmaaie 1942 – septimber 1942Josef Krameroktober 1942 – april 1944Friedrich Hartjensteinmaaie 1944 – jannewaris 1945Heinrich Schwarzfebrewaris 1945 – april 1945
Berjochting nei de oarloch Fritz Hartjenstein stoar yn de finzenis, dat syn deastraf koe net útfierd wurde. De oare twa ta de dea feroardielden waarden op 11 oktober 1946 ophongen. Berjochte binne: Franz Berg: deastraf (eksekútearre) Kurt Geigling: 10 jier finzenis Fritz Hartjenstein (kommandant): deastraf (stoar foar it fonnis útfierd wurde koe) Josef Muth: 15 jier finzenis Peter Straub (Nazi): deastraf (eksekutearre) Magnus Wochner: 10 jier finzenis
Bekende finzenen Floris Bakels Herman Bernard Wiardi Beckman W.L. Brugsma Jean Michel Caubo Jan de Pagter Gerard van Hamel broer fan Lodewijk van Hamel Boris Pahor Joseph Schmidlin Carel Steensma Willem van Lanschot George Maduro Pim Boellaard
Literatuer : Doodstraf op termijn (2006) ISBN 90-5730-442-2 : Nacht und Nebel; mijn verhaal uit Duitse gevangenissen en concentratiekampen (1977) ISBN 90-435-0366-5 : Verboden te sterven (1963, 2007) ISBN 978-90-75879-37-7
Sjoch ek List fan Nazikonsintraasjekampen
Keppelings om utens struthof offisjeel webstee Natzweiler: German Concentration Camp near the French Border Link
Kategory:Elzas Kategory:Nazy-konsintraasjekamp yn Frankryk Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1941 Kategory:Organisaasje opheft yn 1944