Vanellus (Vanellus vanellus is de Latynske namme foar de ljip) is in tydskrift foar natoersport, natoerstúdzje en natoerbeskerming, dat ienris yn 'e twa moannen ferskynt.
Skiednis Oarspronklik wie Vanellus in moanneblêd. It ferfong op 1 jannewaris 1948 de meidielingebledsjes dy't yn 1947 ferspraat waarden om de Fryske Fûgelbeskermingswachten te organisearjen. It wie earst in stinsile meidielingeblêd. Op 1 jannewaris 1949 koe it, mei stipe fan it oprjochte Bûn fan Fryske Fûgelwachten, It Fryske Gea, it Frysk Natoerhistoarysk Museum en de Nederlânske Natoerhistoaryske Feriening, yn druk ferskine. Yn 't earstoan beheard troch in stifting waard it op 1 jannewaris 1955 eigendom fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en waard dêrnei bûnsorgaan.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Vanellus
Kategory:Nederlânsktalich tydskrift Kategory:Natoerbeskerming Kategory:Frysk wittenskiplik tydskrift Kategory:Frysk sportblêd Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1948 Kategory:Ljip