Martha Wieringa (Baard, 10 juny 1935 - Frjentsjer, 3 augustus 2008) wie in âld-reedrydster.
Wieringa wie in fenomeen by it koartebaanriden yn de 50'er en 60'er jierren fan de 20e iuw. Healwei de jierren 50 waard se twa kear Nederlânsk kampioen op de koartebaan, ek waard se twa kear Frysk kampioen. Hja waard ûnder oare treend troch de heit fan Henk Gemser.
Har trochbraak wie yn it seizoen 1950- 1951. Doe waard se Frysk kampioen by de famkes. Wieringa waard berne yn Baard, mar wenne al wer jierren yn Frjentsjer. Se wie al in skoft siik.
Kategory:Frysk reedrider Kategory:Persoan berne yn Baard Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1935 Kategory:Persoan stoarn yn 2008