Haitske Pijlman (Grou, 16 juny 1954), letter Haitske Valentijn-Pijlman, is in Fryske âld-reedrydster.

Haitske Pijlman waard trije jier nei it lêste poadiumplak fan Atje Keulen-Deelstra yn 1974 de twadde Nederlânske dy't in medalje omhong krige op it eareskavot fan in WK Sprint. Se hold op it WK Sprint fan 1977 yn Alkmaar de Kanadeeske Pat Durnin mei mar 0,06 punt efter har op it fjirde plak. Earder dat jier wûn Pijlman by it NK Allround noch in sulveren medalje efter winnaresse Sijtje van der Lende.

Pijlman is troud mei âld-hurdrider Jos Valentijn en mem fan âld-turnster Rikst Valentijn.

Resultaten Jier NK Allround Olympyske Spullen WK Allround WK Sprint 1975 5e NC25 11e 1976 DQ4 NC17 9e 1977 5e 1978 NC15 6e 1979 10e 27e 1980 NF3 15e 500m14e 1000m DQ# = diskwalifisearre op de # ôfstân NC# = net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as # klassearre yn de einrangskikking NF# = net finishe op de # ôfstân

Medaljespegel Kampioenskip Goud Sulver Brûns NK Allround 0 1 0 WK Sprint 0 0 1

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn Grou Kategory:Persoan berne yn 1954