Binnert Jans Tinga, (Sumar, 27 desimber 1785 - Snits, 19 juny 1838), wie in tekenmaster en keunstskilder.
Hy wie de soan fan Jan Tinga en Tietsen Douma. Mei syn frou Anna Hendriks Lutmers krige er trije bern. Syn soan Jan waard letter ek skilder. Sûnt 1814 wurke er as tekenmaster yn Ljouwert, nei 1824 ferhuze er nei Snits. Twa skilderingen fan him hingje yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits: in litografy fan dûmny Lucas Fockens (de eardere lom-skoalle fan Snits is nei him neamd) en in stedsgesicht mei hinnen by de Easterpoarte fan Snits.
Galery
Keppeling om utens Binnert Tinga yn biografischportaal.nl
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk tekener Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Persoan berne yn Sumar Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1785 Kategory:Persoan stoarn yn 1838