thumb|200px|Emily Maitlis 2010 Emily Maitlis (6 septimber 1970) in yn Kanada berne Britsk sjoernalist en nijslêzer, is anno 2010 ien fan de wichtichste presintators yn ferskate BBC-nijsprogramma's.

Karriêre Maitlis sprekt floeiend Spaansk, Ingelsk, Italjaansk en Frânsk en in bytsje Sineesk-Mandarynsk."'Flirtation, seduction and betrayal'", - fraachpetear, The Guardian, 6 maart 2006. Besjoen op 14 july 2007. "Maitlis, who speaks fluent Spanish, Italian and French (and "crap" Mandarin), is no easy touch."

Oplieding King Edward VII middenbere skoalle, Sheffield, Queens' College, Cambridge

Sjoernalist 1992-94 radio nijs/hjoeddeiske saken yn Hong Kong 1994-97 dokumintêremakker fanút Hong Kong, yn Kambodja en Sina. 1997-98 saaklik korrespondint, NBC Asia 1998-2001 presintator, saaklik korrespondint en ferslachjouwer, Sky News UK 2001-06 presintator, BBC Londen. Ferskate nijsprogramma's 2006 presintator, ûnder oaren Newsnight en BBC News 24

Yn novimber 2019 hie Maitlis in fraachpetear fan trije kertier mei prins Andrew, hartoch fan York yn Buckingham Palace, oer syn relaasje mei de Amerikaanske sededelinkwint Jeffrey Epstein. It ynterview waard op 16 novimber 2019 troch de BBC útsjoerd"As it happened: Prince Andrew's Interview". BBC News. 16 novimber 2019 en joech in soad opskuor.

Persoanlik Maitlis is fan joadsk komôf, de dochter fan professer Peter Maitlis, emeritus professer anorganyske gemy oan de Universiteit fan Sheffield en Marion Maitlis. Hja is troud mei in bankier, Mark Gwynne"My week: Emily Maitlis", Observer, 7 maaie 2006. Besjoen op 27 april 2007. en hat twa bern.

Publikaasje Airhead: The Imperfect Art of Making News (23 april 2019), .

Keppeling om utens IMDb BBC Press Office – Biography Emily Maitlis Shows Boobs Artikel yn The Guardian, maart 2006

Kategory:Kanadeesk sjoernalist Kategory:Kanadeesk nijslêzer Kategory:Ingelsk sjoernalist Kategory:Ingelsk nijslêzer Kategory:BBC-wurknimmer Kategory:Kanadeesk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Kanadeesk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Kanadeesk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1970