thumb|Albartus Telting Albartus Telting (Frjentsjer, 11 oktober 1803 - dêre, 17 septimber 1863) wie in Frysk jurist en politikus.

Waard yn 1826 abbekaat yn Ljouwert. Yn 1830 teach hy as twadde luitenant fan de mobile skutterij nei de grinzen yn it ramt fan de Tsiendeiske Fjildtocht en waard by syn weromkomst sekretaris fan syn bertestêd (1832). Hy beoefene de Fryske Taal- en (rjochts)skiednis en stried foar behâld fan it Ateneum. Hy wie tusken 1843 - 1848 lid fan de Twadde Keamer, koart nei syn ferkiezing kantonrjochter fan it kanton Harns en tusken 1850 en 1856 steatelid. Wie ek sekretaris fan Constanter en it Frysk Genoatskip (1830). Oardere it Frjentsjerter argyf.

Wurk De maatschappij tot Nut van 't Algemeen, een Christelijke instelling, feestrede (Frjentsjer 1834) Levensbericht van Mr. Daam Fockema (Leien 1855) Levensschets van Mr. Albartus Deketh (dêre 1857)

Bydragen, proaza en poëzij, yn it Friesch Jierboeckje, de Grinzer Studinte Almanak, de Ljouwerter Krante, Friesche Volksalmanak, Almanak voor Hollandsche Blijgeestigen, Bibliotheek voor 't Huisgezin, Almanak voor het schoone en goede, de Vrije Fries, Muzen-Almanak'', Friesche Almanak, ens.

Kategory:Frysk ofsier Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk rjochtsgelearde Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk autobiograaf Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1803 Kategory:Persoan stoarn yn 1863 Kategory:Frysk Genoatskip