In steatsreligy of steatsgodstsjinst is in religy dy't offisjeel erkend (en oanfitere) wurdt troch de oerheid. Yn kristlike lannen en territoaria sprekt men ek wol fan in steatstsjerke. Yn lannen mei in steatsreligy bestiet gjin skieding fan tsjerke en steat.

Hjoeddeistige steatsreligyen kristendom: anglikanisme: Ingelân, Guernsey, Jersey en Man eastersk-otterdoksy: Grikelân kalvinisme: Tûvalû lutheranisme: Denemark, Iislân, de Fêreu-eilannen en Grienlân roomsk-katolisisme: Fatikaanstêd, Kosta Rika, Lychtenstein, Malta en Monako sûnder neiere oantsjutting: Sambia en Samoä islaam: sjiïsme: Iraan soennisme: Algerije, Brûnei, de Komoaren, de Malediven, Maleizje, Mauretaanje, Saûdy-Araabje en Somaalje sûnder neiere oantsjutting: Afganistan, Bachrein, Bangladesj, Dzjibûty, Egypte, de Feriene Arabyske Emiraten, Irak, Jemen, Jordaanje, Katar, Koeweit, Lybje, Marokko, Omaan, Pakistan, Palestina, Somalylân, Tuneezje en de Westlike Sahara boedisme: Birma, Bûtan, Kambodja en Sry Lanka joadendom: Israel

Nederlân Deputearre Steaten wiene histoarysk yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen "fiedsterhearen" fan de grifformearde tsjerke. Harren macht wie grut, ek dêr't soks net te ferwachtsjen wie, lykas by predikantsberopping, bibeloersetting en psalmberiming. De tsjerke hie macht troch de steat.

At de belangen botsten moast de tsjerke ornaris belies jaan. Yn de strid tsjin de fûlkssûnden steunde de steat de tsjerke amper, tsjin de ketters lang net altiten. As de tsjerke de poat stiif hâlde ûntstie fûle strideraasje, bygelyks mnei de magistraat yn Snits, Dokkum en Ljouwert. Yn ûnrêstige tiden doarde de tsjerke bytiden frijmoedich de klachten (kûperij), amtsferkeaping) te formulearjen ( 1627, 1672 ).

Kategory:Religy Kategory:Oerheid Kategory:Polityk