Paulus Rodolphi fan Rikstel, ek Johannes Gruyter wie in histoarikus út it begjin fan de 16e iuw. Hy wie in benediktiner mûnts yn it Sint Odulfuskleaster by Himmelum, tichtby Starum.
Bewurke en ferfolge in Latynske kronyk, begûn troch de abt Jakobus fan Oest, fan Oudewater. As net-Fries koe hy de foar Fryslân sa roerige jierren fan 1494 - 1518 frijwat objektyf beskriuwe en syn ferhaal wat iroanysk jaan, dat him goed lêze lit. It boek Proeliarius of Strijdboek, bevattende de jongste oorlogen in Frieschlant in het jaar 1518, waard yn 1855 útjûn.
Kategory:Frysk mûnts Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Benediktyn Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Starum Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 16e iuw