It spoar fan Swol nei Ljouwert is in spoarwei yn Oerisel en Fryslân mei in langte fan 95 km en mei in reistiid fan likernôch 60 minuten. En makket diel út fan Steatsline A.

Stasjons en gebouwen thumb|right|261px|ICM treinstel 4218, ûnderweis fan Utert Sintraal nei Ljouwert by Wolvegea op 11 maaie 2008 Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 9 stasjons: (kursyf: earder stasjon) Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou150px Swol18641866, 2e gebou, type SS earste klasse inkelde kearen yngreven ferboud, by iepening NCS gebou Berkum 1867gjin, stasjon sletten yn 1923 Dedemsfeart1867gjin, gebou sloopt yn 1952, stasjon sletten yn 1923 Staphorst1867gjin, gebou sloopt yn 1970, stasjon sletten yn 1935150pxMeppel18671866, 1e gebou, type SS tredde klasse fernijd type Nijefean1868gjin, stasjon sletten yn 1933150px Stienwyk18681972, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma, by iepening type SS tredde klasse Willemsoard1895gjin, gebou sloopt yn 1940, stasjon sletten yn 1935Oerissel/Fryslân150pxPepergea1868gjin, gebou sloopt yn 1970, stasjon sletten yn 1938150px Wolvegea 18681865, 1e gebou, type SS fjirde klasse150pxAldskoat1868gjin, gebou sloopt yn 1967, stasjon sletten yn 1938150pxIt Hearrenfean Iisstadion19751975, NS, abry, stasjon sletten yn 2015150pxIt Hearrenfean18681983, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt J.A. van Belkum, by iepening type SS tredde klasse Stobbegat1924gjin, gebou sloopt yn 1940, stasjon sletten yn 1938150px Akkrum18681973, 2e gebou, standerttype Douma, by iepening fernijde útfiering type SS tredde klasse150pxGrou-Jirnsum18681976, 3de gebou, standerttype Douma, by iepening fergrutte útfiering type SS fyfde klasse Idaerd-Reduzum1868gjin, gebou sloopt yn 1959, stasjon sletten yn 1938 Wurdum1868gjin, gebou sloopt yn 1983, stasjon sletten yn 1938 150pxLjouwert 1863 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud

Ferbinings Yn Swol hat it spoar ferbining mei oare spoaren: it spoar fan Apeldoarn nei Swol it spoar fan Swol nei Almelo it spoar fan Swol nei Emmen it spoar fan Swol nei Kampen it spoar fan Utert nei Swol

Yn Meppel hat it spoar in ferbining mei in oar spoar: it spoar fan Meppel nei Grins

Yn Ljouwert hat it spoar ferbining mei oare spoaren: it spoar fan Harns nei Ljouwert it spoar fan Ljouwert nei Grins it spoar fan Ljouwert nei Starum

Skiednis Op 18 augustus 1860 waard yn de Spoarweiwet ûnder oaren besletten ta de oanlis fan de ferbining Swol - Ljouwert, as part fan de line Arnhim - Ljouwert. Op 1 oktober 1867 waard it part Swol - Meppel iepene, op 15 jannewaris 1868 it part Meppel - It Hearrenfean en itselde jier op 1 septimber waard it lêste stik, It Hearrenfean - Ljouwert, iepene.

It spoar foel oarspronklik ûnder de Steatsspoarwegen. Mei it ûntstean fan de Nederlânske Spoarwegen krige dy it behear oer it spoar. Oarspronklik wie der ek in halte Dalfsen, letter Berkum; yn 1923 is dy lykwols sletten. Yn 1924 waard in halte iepene yn Stobbegat (Vegelinsoard). Yn 1933 waard de halte Nijefean sletten, en yn 1935 de halte Willemsoard en it stasjon Staphorst. De stasjons fan Pepergea en Aldskoat en de halten Stobbegat en Idaard-Reduzum waarden sletten yn 1938. Ek it stasjon Dedemsfeart en de halte Wurdum waarden dat jier sletten, mar yn 1940 waarden se wer iepene. Stasjon Dedemsfeart waard lykwols datselde jier ek wer sletten, mar Wurdum bleau iepen oant 1949.

Fan 1975 oant 1977 waard in proef dien mei in stasjon It Hearrenfean Iisstadion. It stasjon waard lykwols wer sletten as regulier stasjon.

Yn juny 2010 waard troch de Twadde Keamer besletten dat de treinen tusken Swol en Ljouwert faker ride sille.Trein Ljouwert-Swolle rydt faker op It Nijs (sjoen op 26-06-2010)

Bysûndere halten Treinen stopje no allinnich by It Hearrenfean Iisstadion as der yn Thialf grutte eveneminten binne.

Kategory:Spoar yn Fryslân Kategory:Ljouwert Kategory:Swol Kategory:Bouwurk út 1868 Kategory:Stienwikerlân Kategory:Geografy fan Weststellingwerf Kategory:Geografy fan It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Geografy fan Utingeradiel Kategory:Geografy fan Raerderhim Kategory:Geografy fan Idaerderadiel Kategory:Geografy fan Boarnsterhim Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente)