The Future is ien fan de meast populêre albums fan Leonard Cohen. It wurdt ek wol syn film-album neamd omdat sawat alle nûmers op de iene of oare wize ferskine yn in ferskaat oan films.
It meast yn it each rinnend is it brûken fan trije nûmers yn de klassike film Natural Born Killers. Dêryn is Waiting for a Miracle it titelnûmer. Fierder binne der nûmers werom te finen yn de films Wonder Boy en The Live of David Gale.
Hoewol The Future gjin grut kommersjeel sukses wie, is it perfoarst it Cohen-album mei it grutste muzikale ferskaat. Yn syn heitelân, Kanada, hie er lykwols al kommersjeel sukses: sawol Closing Time as The Future hellen dêr de Top 40.
Spyllist nû. titel skriuwers doer1.The FutureLeonard Cohen6:412.Waiting for the MiracleCohen en Sharon Robinson7:423. Be for RealFrederick Knight4:324.Closing TimeCohen 6:005.AnthemCohen 6:096.DemocracyCohen7:137.Light as the BreezeCohen 7:148.AlwaysIrving Berlin8:049. Tacoma TrailerCohen5:57
Keppeling om utens It album mei alle teksten op de side fan Cohen
Kategory:Muzikaal wurk fan Leonard Cohen Kategory:Album út 1992 Kategory:Rockalbum Kategory:Popalbum Kategory:Ingelsktalich album