thumb|Hobbe Smith

Hobbe Smith (Wytmarsum, 7 desimber 1862 - Amsterdam, 1 maaie 1942) wie in keunstskilder.

Hobbe Smith wie de soan fan in ferver. Op jonge jierren gie er yn de lear by in stiendrukker.

Smith krige syn oplieding oan de Br. de Vries, de Quelliniussskoalle, de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten (mei in keninklike beurs) en de Antwerpske Akademy. Flot ympresjonistysk skilder. Hy waard beynfloede troch Jacob Maris, mar syn wurk is luchtiger en boartliker. Syn ûnderwerpen binne meast figueren, stedsgesichten en skippen.

Yn 1888 wûn er de Willink van Collenpriis. Earst letter waard er mear ferneamd, nei in eksposysje yn de Haachske Pulchri Studio yn 1902. Yn 1917 krige er in goude medalje útrikt fan keninginne Wilhelmina.

Smith wie lid fan Arti et Amicitiae en de Keunstnersferiening Sint Lucas yn Amsterdam en de Pulchri Studio yn De Haach. Hy stoar yn de âldens fan 79 jier. Wurk fan Smith hat ûnder oaren it Ryksmuseum Twinte yn Ynskedee, it Drintsk Museum yn Assen en it Frysk Skipfeart Museum yn Snits. Op keunst- en antykfeilingen dûke syn skilderijen geregeldwei op.

Galery

Keppeling om utens Wurk fan Smith yn de Beeldbank.Amsterdam Smith op RKD.nl

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wytmarsum Kategory:Persoan berne yn 1862 Kategory:Persoan stoarn yn 1942