Leipzig is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Saksen. Fan 1949 oant 1990 makke Leipzig diel út fan it kommunistyske East-Dútslân. De stêd hat 611.850 ynwenners (2024) en nei East-Berlyn wie it de grutste stêd fan it eardere East-Dútslân.

Namme De namme Leipzig is ôfkomstich fan it Sorbyske Lipsk, wat lindeoard betsjut. De Sorben neame it plak ek hjoed-de-dei noch Lipsk en net Leipzig. Ek in soad Poalen en Tsjechen brûke dy namme noch.

Skiednis De stêd waard foar it earst as kastiel neamd yn 1015. As stiftingsdatum jildt it jier 1165, doe't de stêd stedsrjochten en it merkrjocht krige fan markgreve Otto II fan Meissen. It is fanâlds in wichtige hannelsstêd. Nei de stifting fan 'e universiteit yn 1409 waard de stêd in sintrum fan 'e boekdrukkeunst.

Leipziger Messe De stêd Leipzig lei op it krúspunt fan twa hannelsdiken yn it Hillige Roomske Ryk: de Via Regia (fan Parys úteinlik nei Novgorod yn Ruslân) en de Via Imperii (fan Rome úteinlik nei Bergen yn Noarwegen). Dit wie hiel geunstich foar de hannel. Der bestiet in dokumint dat út de 12e iuw stammet en dat befestiget dat der "jiermerken yn Lipz" wiene. As berte-akte foar de stêd en de Messe jildt "der Stadtbrief" fan markgreve Otto de Rike. Histoarisy datearje dy brief tusken 1156 en 1170.

Midsiuwen Yn 1212 is troch markgreve Diderik fan Meissen in Augustynsk kleaster stifte, dat nei Sint-Thomas neamd waard. Omdat dit mank gie mei ûnteigeningen, kamen de ynwenners fan Leipzig yn opstân. Yn 1217 waard in kompromis sletten.

19e iuw thumb|left|Folkeslachmonumint. Yn 1813 fûn by Leipzig de Folkeslach plak, wêrby't Napoleon ferslein waard troch in gearstald leger fan ûnder oaren Ruslân, Eastenryk en Prusen. In iuw letter, yn 1913, waard yn it ramt fan it jubileum it 91 meter hege Völkerschlachtdenkmal oprjochte.

It earste lange spoar yn Dútslân rûn tusken Leipzig en Dresden. Troch de yndustrialisaasje yn 'e njoggentjinde iuw groeide Leipzig sterk.

Yn 1871 stifte Wilhelm Wundt it alderearste eksperimintele psychologylaboratorium oan 'e Universiteit fan Leipzig. Dit wurdt oer de hiele wrâld as it begjin fan 'e psychology as selsstannige wittenskip beskôge.

20e iuw Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Leipzig tusken 1943 en 1945 ferskate kearen troffen troch Alliearde loftoanfallen, dy't laten ta grutte fernielingen yn 'e binnenstêd. Oant 60% fan 'e bebouwing waard troffen en sawat 6.000 minsken ferlearen harren libben. Op 18 april 1945 berikten ienheden fan it 1e Amerikaanske Leger de stêd en rjochten harren haadkertier yn it Hotel Fürstenhof yn. Op grûn fan it yn Londen sletten Sôneprotokol fan 1944 en de besluten fan 'e Konferinsje fan Jalta hearde Saksen by de Sovjet-besettingssône en it Reade Leger naam op 2 july 1945 Leipzig oer. De Sovjet Militêre Administraasje yn Dútslân (SMAD) foarme de Ried fan 'e Stêd en de gemeenteried (Stadtverordnetenversammlung), wêrfan't de gearstalling mei de oprjochting fan 'e DDR diktearre waard troch de Sozialistische Einheitspartei Deutschlands (SED).

It heechste ynwennertal fan 750.000 helle Leipzig om 'e Twadde Wrâldoarloch hinne; it wie doe kwa grutte de fyfte stêd fan Dútslân. Nei de Twadde Wrâldkriich namen it ynwennertal en it belang fan Leipzig ôf. thumb|left|De monimintale Nikolaastsjerke. Leipzig waard yn 'e hjerst fan 1989 it nasjonale symbool fan ferset tsjin it kommunistyske rezjym. De saneamde Montagsdemonstrationen waarden in begryp. Op 4 septimber dat jier gyngen foar it earst in pear hûndert ynwenners de strjitte op, op 25 septimber wiene dat der al 5.000 en op 2 oktober 25.000. Krúsjaal foar Leipzig en de hiele DDR waard de demonstraasje op 9 oktober, doe't 70.000 minsken de strjitte opgiene wylst se "Wir sind das Volk" rôpen en 8.000 man plysje en leger klearstienen om mei geweld yn te gripen. Troch moedich optreden fan in seistal kopstikken fan 'e stêd, ûnder wa dirigint Kurt Masur en twa partijmannen fan 'e lokale SED, waard in bloedbad foarkommen. Op 23 oktober demonstrearren 250.000, op 30 oktober 300.000 minsken foar demokrasy en frijheid. De grutste demonstraasje yn Leipzig wie dy fan 6 novimber mei 500.000 demonstranten. Trije dagen letter foel de Berlynske Muorre, wat de ein fan 'e DDR betsjutte. Al yn 'e jierren 1980 besochten ynwenners de Nikolaastsjerke foar de gebedstsjinsten op moandeitejûn.

21e iuw thumb|Dútske Nasjonale Bibleteek. Leipzig is ek in wichtich sintrum foar útjouwerijen en de dêrby hearrende yndustry. Ek in ôfdieling fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Dútslân is yn Leipzig festige. Mei de bou fan in nij beursterrein hopet de Leipziger Messe wer oan belang te winnen.

Yn 2006 wie Leipzig ien fan 'e spylstêden fan it WK fuotbal.

Geografy Leipzig leit yn it sintrum fan 'e Leipziger leechflakte, it súdlikste part fan 'e Noard-Dútske leechflakte, en oan 'e gearrin fan 'e Weiße Elster, de Pleiße en de Parthe. De rivieren hawwe yn it stedsgebiet in soad fertakkingen en foarmje dêrmei de saneamde Leipziger Gewässerknoten. De omjouwing fan Leipzig is earm oan bosk. Yn 'e tweintichste iuw fûn der yn 'e omkriten fan Leipzig in soad brúnkoalwinning plak. De eardere putten dêr't de brúnkoal wûn waard binne ûnder wetter set en sadwaande binne der in soad marren te finen yn 'e omjouwing fan 'e stêd.

Lokaasje thumb|left|Weisse Elster. Leipzig hat in oerflak fan 128,7 kilometer, in trochsneed yn noard-súdlike rjochting fan 23,4 km en yn east-westlike rjochting fan 21,3 km. Yn it noarden grinzget Leipzig oan 'e lânkring Noardsaksen en yn it suden oan 'e lânkring Leipzig. De tichtstby lizzende grutte stêden binne Halle op likernôch 30 km noardwestlik, Magdeburg op likernôch 100 km noard-noardwestlik, Dresden op likernôch 100 km súdeastlik, Chemnitz op likernôch 70 km súd-súdeastlik, Jena op sa'n 70 km súdeastlik en Erfurt op 100 km west-súdwestlik.

It hichteferskil yn it stedsgebiet bedraacht likernôch 60 meter. De heger lizzende dielen fan Leipzig lizze yn it súdeasten en de legere dielen yn it noardwesten. It leechste punt op 97 meter leit yn Gundorf oan 'e Neue Luppe, in sydkanaal fan 'e Weiße Elster. De 159 meter hege Monarchenhügel en de 163 meter hege Galgenberg binne de heechste natuerlike punten fan 'e stêd.

Stedsyndieling Leipzig is sûnt 1992 bestjoerlik ûnderferdield yn tsien Stadtbezirke mei 63 Ortsteilen.

+ Date fan 'e stedsdistrikten fan Leipzig 2024Data fan 'e stedsdistrikten en Ortsteile fan 'e stêd Leipzig Stadtbezirk Ynwennertal Oerflakkm² Ynw. km² Mitte 70.611 13,96 5.160 Nordost 50.653 26,31 1.936 Ost 89.655 40,73 2.212 Südost 65.465 34,72 1.897 Süd 68.077 16,95 4.052 Südwest 57.164 46,56 1.241 West 57.231 14,69 3.913 Alt-West 62.320 26,21 2.395 Nordwest 36.582 39,07 943 Nord 74.802 38,61 1.952 Meiïnoar 632.562 297,81 2.142

Kultuer It besjen wurdich thumb|Opera. Opera Völkerschlachtdenkmal (Folkeslachmonumint) Deutsche Bücherei (Nasjonale bibleteek) Alte Handelsbörse (Alde Beurs) Alde en nije riedshûs thumb|thumb|Nije Riedshûs en Pleißeburg. Hauptbahnhof (Haadstasjon), it grutste kopstasjon fan Europa Auerbachs Keller (bekend wurden út Goethes Faust) Gewandhaus Zoo Leipzig, mei de grutste ôfdieling foar primaten fan 'e wrâld Gasometer DHfK (Deutsche Hochschule für Körperkultur) Wenhûs fan Felix Mendelssohn Bartholdy Wenhûs fan Friedrich Schiller Wenhûs fan Robert Schumann thumb|Red Bull Arena. Red Bull Arena, in fuotbalstadion dat brûkt waard by it WK fuotbal 2006. Leipziger Baumwollspinnerei Cospudener See

Tsjerken Thomaskirche (Sint-Thomasstjerke) Nikolaikirche (Sint-Nikolaasstjerke)

Museä Bach-Museum, mei yn itselde gebou it Bach-Archiv Mendelssohn-Haus Grieg-Begegnungsstätte Deutsches Buch- und Schriftmuseum (Dútsk Boekdrukkeunstmuseum) Egyptysk museum thumb|Grassimuseum Grassimuseum mei it Muzykynstrumintemuseum Gedenkstätte Museum in der Runden Ecke (oer de Stasi) Museum der bildenden Künste Zeitgeschichtliches Forum Leipzig Stedshistoarysk Museum Leipzig

Kategory:Plak yn Saksen Kategory:Gemeente yn Saksen