De wâldmies (Periparus ater; synonym: Parus ater) is in 11 sm grutte sjongfûgel út de famylje fan 'e miesfûgels (Paridae). In oare namme yn it Frysk foar de fûgel is swarte mies.

Skaaimerken Wâldmiezen wurde likernôch 11 sintimeter grut, likernôch like grut as de blaumies. It fûgeltsje hat in grutte kop, mar net in swarte búkstreek lykas by de blokmies. De wâldmies hat in swarte krún, in wyt plak yn 'e nekke, wite wangen en twa wite wjukstreken. Mantsjes en wyfkes binne allyk.

Fersprieding en systematyk De wâldmies komt meast foar yn nullewâlden. Oars as de blaumies en de blokmies komt de wâldmies net faak by de minsken yn 'e tún. Yn it grutste part fan Jeropa komt dizze fûgel it hiele jier foar.

Yn Nederlân komt de wâldmies fral yn it easten en it suden foar, mei as bolwurken de Feluwe, Drinte, eastlik Noard-Brabân en Limburch. Yn Fryslân is de fûgel benammen yn it súdeasten fan 'e provinsje te finen. It oantal briedpearen waard yn 2018-2020 op 14.000 oant 18.000 fûgels rûsd. Sûnt 1985 nimme de oantallen fan 'e populaasje ôf, foar in part om't nullebosken yn mear natuerlike leafbosken omset binne.

De wâldmies telt 24 ûndersoarten:

P. a. britannicus: Grut-Brittanje en noardeastlik Ierlân. P. a. hibernicus: Ierlân (behalve it noardeasten). P. a. ater: Skandinaavje en noardeastlik Jeropa oer Sibearje oant Kamtsjatka, noardlik Japan, Koreä, noardeastlik Sina en noardeastlik Mongoalje. P. a. abietum: kontinentaal westlik, sintraal en súdeastlik Jeropa en Anatoalje. P. a. vieirae: it Ibearysk Skiereilân. P. a. sardus: Korsika en Sardynje. P. a. atlas: Marokko. P. a. ledouci: noardlik Algerije en noardlik Tuneezje. P. a. cypriotes: Syprus. P. a. moltchanovi: súdlik de Krim. P. a. michalowskii: Kaukasus (behalve dielen fan de Súdlike Kaukasus). P. a. derjugini: fan noardeastlik Turkije oant de súdwestlike Kaukasus. P. a. eckodedicatus: westlik Sina. P. a. gaddi: súdeastlik Azerbeidzjan en noardlik Iran. P. a. chorassanicus: súdwestlik Turkmenistan en noardeastlik Iran. P. a. phaeonotus: súdwestlik Iran. P. a. rufipectus: fan súdeastlik Kazachstan oant noardwestlik Sina. P. a. martensi: Kali Gandakigebiet yn sintraal Nepal. P. a. melanolophus: fan eastlik Afganistan en noardwestlik Pakistan oant de noardwestlike Himalaya. P. a. aemodius: fan de eastlike Himalaya oant noardlik Birma. P. a. pekinensis: it eastlike diel fan Sintraal-Sina. P. a. insularis: de súdlike Koerilen en Japan. P. a. kuatunensis: súdeastlik Sina. P. a. ptilosus: Taiwan.

Iten De wâldmies yt it meast ynsekten en it sied fan spjirren en dinnen.

Fuortplanting 200px|thumb|left|Aaien fan 'e wâldmies. De wâldmies is in hoalebrieder. It wyfke briedt 2 wiken allinnich op 'e 7 oant 10 aaien. De jongen wurde 15-17 dagen troch beide âlden fersoarge foardat se útfleane.

Status De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige op 'e Reade List. Der wurdt fan útgien dat de populaasje stabyl is. In rûzing fan 2018 giet út fan in populaasje fan 90.000.000 oant 159.000.000 folwoeksen fûgels.

Sjoch ek List fan fûgels

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Unechte swartmies Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia