Foarfallen 3 juny - In Britsk wittenskipsteam op de HMS Endeavour fan Captain Cook nimt fan Tahity ôf de Fenusoergong waar. 2 novimber - De Spanjerts ûntdekke de yngong fan de Baai fan San Fransisko, dy't letter yn de tiid fan de goudkoorts de namme Golden Gate krije sil. Spanje hat Kalifornje ynnaam en begjint dêr mei grutskalige misjonearring. sûnder datum - Mozart wurdt beneamd ta konsertmaster oan it hof fan de aartsbiskop fan Salzburch. sûnder datum - It Fredesferdrach mei de Matawai, in groep marrons (bosknegers) yn Suriname wurdt sletten. sûnder datum - It Genoatskip fan de Freonen (oftewol de quakers) fan Pennsylvania skaft yn eigen fermidden de slavernij ôf.
Berne 10 jannewaris - Michel Ney Frânsk maarskalk († 1815) 19 febrewaris - Dirk Ploegsma, Frysk keunstkilder († 1791) 1 maaie - Arthur Wellesley, hartoch fan Wellington, Iersk-Ingelsk generaal en politikus († 1852) 15 maaie - Johannes Mulder, Frysk ferloskundige († 1810) 15 augustus- Napoleon Bonaparte, keizer fan Frankryk († 1821) 23 augustus - Georges Cuvier, Frânsk biolooch († 1832) 26 augustus - Johannes ter Pelkwijk, Nederlânsk politikus († 1834) 13 septimber - Alexander von Humboldt, Dútsk natoerûndersiker en ûntdekkingsreizger († 1859) 5 oktober - Petrus Groenia, Frysk militêr en keunstskilder († 1844) 6 oktober - Berend Slingenberg, Nederlânsk politikus († 1849)
Ferstoarn 2 febrewaris - paus Klemins XIII (* 1693) 4 augustus - Johann Hermann Knoop, Dútsk pomolooch en wittenskipper (* 1700)
Kategory:18e iuw