John F. Kennedy, ropnamme: Jack, folút: John Fitzgerald Kennedy en ek wol bekend ûnder syn inisjalen JFK (Brookline (Massachusetts), 29 maaie 1917 – Dallas (Teksas), 22 novimber 1963), wie in Amerikaansk steatsman fan etnysk Iersk komôf. Hy tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch as luitenant-op-see yn 'e Amerikaanske Marine, wie fan 1946 oant 1952 foar de Demokratyske Partij lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en fan 1952 oant 1960 fan 'e Amerikaanske Senaat. Yn 1960 wûn er it by de presidintsferkiezings mei in tige smelle marzje fan Richard Nixon, wêrnei't er fan 1961 oant 1963 de 35ste presidint fan 'e Feriene Steaten en teffens de earste roomske Amerikaanske presidint wie. Op 22 novimber 1963 waard Kennedy yn Dallas deasketten troch in slûpskutter. De fermoedlike dieder, Lee Harvey Oswald, waard sels twa dagen letter fermoarde troch nachtklubeigner Jack Ruby. De moard op John F. Kennedy is sûnt mei riedsels omjûn, der binne withoefolle gearspanningsteoryen oer ûntstien.

Libben

Jonkheid en oplieding John F. Kennedy waard op 29 maaie 1917 berne yn in ryk fermidden yn Brookline, yn 'e steat Massachusetts, as de twadde soan fan sakeman en politikus Joe Kennedy (1888-1969) en filantrope Rose Elizabeth Fitzgerald (1890-1995), in dochter fan John F. Fitzgerald (1863-1950), de boargemaster fan Boston. Alle fjouwer fan Kennedy syn pakes en beppes wiene bern fan Ierske ymmigranten. Kennedy groeide op yn in gesin mei njoggen bern: fiif famkes en fjouwer jonges. Syn âldere broer Joe Kennedy kaam om yn 'e Twadde Wrâldoarloch, en syn jongere bruorren Robert Kennedy (dy't yn 1968 fermoarde waard) en Ted Kennedy giene krekt as hy de Amerikaanske polityk yn. left|thumb|250px|It gesin Kennedy yn 1931 oan it strân, mei John F. Kennedy lofts boppe-oan, yn it wite boesgroentsje.

As bern siet Kennedy by de paadfinerij. Syn earste tsien jier brocht er troch yn Brookline; dêrnei wenne it gesin twa jier yn 'e Newyorkske wyk de Bronx, en yn 1929 ferfearen se nei Bronxville, yn 'e steat New York. Syn ûnderwiis genoat er oan in opienfolging fan jongesskoallen, oant er yn 1936 in stúdzje ynternasjonale saken oan 'e Universiteit fan Harvard begûn. Yn 1938 bejoech er him nei Jeropa om in assistint fan syn heit te wurden, dy't doedestiden de Amerikaanske abassadeur yn Grut-Brittanje wie. It jiers dêrop makke er, oan 'e foarjûn fan 'e Twadde Wrâldoarloch, in rûnreis troch West-Jeropa, de Sovjet-Uny, de Balkan en it Midden-Easten. Nei it útbrekken fan 'e oarloch kearde er werom nei de Feriene Steaten, dêr't er syn stúdzje oan Harvard ôfmakke en in skripsje skreau oer it Ferdrach fan München, dy't in bestseller waard ûnder de titel Why England Slept. Hy studearre cum laude ôf yn 1940, en folge neitiid kolleezjes oan 'e Stanford Graduate School of Business. Yn 1941 holp er syn heit by it skriuwen fan dy syn memoires oer syn ambassadeurskip en makke dêrnei in rûnreis troch Súd-Amearika.

Militêre tsjinst Yn septimber 1941, nei't er ôfkard wie troch it Amerikaanske Leger fanwegen syn groanyske rêchproblemen, naam Kennedy tsjinst by de Amerikaanske Marine, dêr't er binnenholpen waard troch in maat fan syn heit. Hy tsjinne as kadet op it Amerikaanske Ministearje fan de Marine doe't de Japanners de Oanfal op Pearl Harbor útfierden. Dêrnei melde er him as frijwilliger oan foar de oplieding ta befelfierder fan in patrûljetorpedoboat, ien fan 'e lytste soarten boaten fan 'e Amerikaanske Marine. Neitiid waard er earst stasjonearre yn 'e Panamakanaalsône, en letter yn 'e Stille Oseaan.

Op 2 augustus 1943 wie Kennedy yn syn boat, de PT-109, nachts op patrûlje by Nij-Georgia, yn 'e Salomonseilannen, doe't se raamd waarden troch de Japanske torpedoboatjager Amagiri. Harren boat sonk en de oerlibjende bemanningsleden swommen nei in eilantsje ta, wêrby't Kennedy nettsjinsteande it feit dat er oan syn dochs al swakke rêch ferwûne rekke wie, in slim ferbrânde ûnderhearrige meisleepte. Neitiid sleepte er him noch fierder mei nei in oar eilantsje, dêr't se úteinlik ûntdutsen en rêden waarden troch de Amerikaanske Marine. Foar dit dwaan krige Kennedy letter de Navy and Marine Corps Medal útrikt. Nei behanneling oan syn rêch waard er yn 1944 ûntslein út aktive tsjinst, en yn 1945 waard er earfol ûntslein út 'e marine. right|thumb|200px|Kennedy en syn frou Jackie op kampanje yn Wiskonsin (1960).

Politike karriêre Op 12 augustus 1944 sneuvele Kennedy syn âldere broer Joe, dy't troch harren heit al jierren ree makke waard foar in glânsrike politike karriêre. Dy plicht foel doe oan John F. Kennedy ta, en yn 1946, doe't kongreslid James Michael Curley (op oanstean fan Joe Kennedy sr.) besleat om syn sit op te jaan en boargemaster fan Boston te wurden, wûn John F. Kennedy de frijkommen sit yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Dêr bleau er ien termyn (fan seis jier), en yn 1952 stelde er him kandidaat foar de Amerikaanske Senaat foar syn bertesteat Massachusetts, wêrby't er de sittende Republikeinske senator Henry Cabot Lodge jr. fersloech. Hy ûntbriek gauris yn 'e Senaat fanwegen syn opspyljende rêchkrupsje, dêr't er ferskate kearen foar operearre wurde moast. Ienris wied er sa siik dat him it lêste sakremint tatsjinne waard. Wylst er yn 1956 oan it opbetterjen wie, skreau er it boek Profiles in Courage, oer Amerikaanske senators dy't harren politike takomst op it spul set hiene foar harren persoanlike oertsjûgings. Dêrmei wûn er it jiers dêrop de Pulitzerpriis foar in Biografy. left|thumb|250px|Kennedy en Nixon nimme yn 1960 diel oan in ferkiezingsdebat.

Yn 1956 wie der eefkes sprake fan dat Kennedy dat jiers de Demokratyske fise-presidintskandidaat wurde soe, mar dat wie sa net. Yn 1958 waard er werkeazen as senator, mar yn 1960 stelde er him kandidaat foar de Amerikaanske presidintsferkiezings. Nei't er by de foarferkiezings binnen de Demokratyske Partij û.o. senator Hubert Humphrey fan Minnesota en senator Lyndon Johnson fan Teksas ferslein hie, bûn er by de eigentlike ferkiezings de striid oan mei de Republikeinske kandidaat Richard Nixon. As syn running mate keas er út poer politike omtinkens (want persoanlik koed er de man net útstean) Lyndon Johnson, dy't er nedich wie om yn it Suden te winnen. Mei Nixon fierde Kennedy de earste op 'e tillefyzje útstjoerde ferkiezingsdebatten út 'e Amerikaanske skiednis. Dêrby kaam de flotte Kennedy, dy't himsels boppedat foarôf opmeitsje liet, folle better oer as de stugge Nixon mei syn swiere burdgroei. Sadwaande wiene dy tillefyzjedebatten foar Kennedy in flinke triuw yn 'e rêch. Kennedy fersloech Nixon úteinlik mei 49,7% fan 'e stimmen tsjin 49,5% (wat eins neat seit, want yn 'e Feriene Steaten draait it net om prosinten, mar om kiesmannen, en dêrfan hie Kennedy der 303, tsjin Nixon 219). Kennedy wie de jongste presidint ea, en boppedat de earste roomske presidint. right|thumb|200px|Kennedy ûnder syn ferneamde taspraak yn Berlyn.

Under Kennedy syn presidintskip fûn yn 1961 de mislearre Ynfaazje fan de Bargebaai plak, yn Kuba, wêrby't in legerke fan rjochtse politike Kubaanske ballingen mei help fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA op 'e Kubaanske kust besocht te lânjen. De Kâlde Oarloch wie yn folle gong, en datselde jiers lieten de Russen yn Berlyn de Berlynske Muorre oanlizze, dy't it frije westlike part fan 'e stêd skate fan it kommunistyske eastlike diel. Nei't der sein wurdt, hold Kennedy dêrby de Amerikaanske Striidkrêften en de hauken yn syn eigen regear ôf fan in reäksje dy't mooglik ta in iepentlike oarloch mei it Eastblok laat hawwe soe. As direkt gefolch fan 'e bou fan 'e Muorre besocht Kennedy yn juny 1963 Berlyn, dêr't er in taspraak hold mei de ferneamde wurden "Ich bin ein berliner" ("Ik bin in Berliner"), wêrmei't er sizze woe dat de wrâld mei de befolking fan Berlyn meilibbe. (Dat gauris oanhelle sitaat is trouwens grammatikaal fout; it hie heard te wêzen: Ich bin berliner; sa't hy it sei, klonk it as bedoelde er dat er in Berlynske bol, in pleatslik gebakje, wie.)

Yn 1962 ûntstie der in nije krisis, de saneamde Kubakrisis, doe't de Sovjet-Uny nukleêre wapens op Kuba stasjonearje woe. Dêrby wist Kennedy úteinlik troch mei yngripen te driigjen Sovjet-lieder Nikita Chroesjtsjov te twingen en sjoch fan dat plan ôf. Under it presidintskip fan Kennedy rekken de Feriene Steaten fierders almar djipper behelle yn 'e Fjetnamoarloch, al wied er dêrby folle tebekhâldender as syn opfolger Lyndon Johnson. In oar ûnderdiel fan Kennedy syn bûtenlânpolityk, en ien fan 'e earste maatregels dy't er as presidint naam, wie de oprjochting yn 1961 fan it saneamde Fredeskorps, in organisaasje dy't jonge Amerikanen holp en oantrune om nei harren stúdzje en foarôfgeande oan harren karriêre in pear jier as frijwilligers yn ûntwikkelingslannen te wurkjen. Grutte ynfloed hie Kennedy ek op it Amerikaanske romtefeartprogramma. Hy makke jild frij foar it Apolloprogramma fan 'e NASA, dat de oanset joech ta de Romtefeartrace mei de Sovjet-Uny, en dat yn 1969 útmûnje soe yn 'e Moannelâning. left|thumb|250px|Kennedy by in moeting mei Sovjet-lieder Nikita Chroesjtsjov.

Op it mêd fan binnenlânsk belied waard Kennedy syn stribjen nei herfoarmings yn û.m. it ûnderwiis en de sûnenssoarch, sa't dat fêstlein wie yn syn beliedsprogram de New Frontier, dwerseide troch it Amerikaanske Kongres. Syn presidintskip foel fierders fierhinne gear mei de opkomst fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, dy't him oankante tsjin 'e rasseskieding op skoallen, yn it iepenbier ferfier en op withoefolle oare maatskiplike mêden, benammen yn it Suden, dêr't doedestiden in sitewaasje bestie dy't dy yn it Súd-Afrika fan it apartheidsrezjym net wanlyk wie. Kennedy stipe de boargerrjochtestriid op in healslachtige manear; persoanlik stied er oan 'e kant fan 'e boargerrjochtebeweging, mar polityk sjoen distansjearre er him der ferskate kearen fan, om't er bang wie dat it him oars stimmen kostje soe ûnder de yn mearderheid Demokratyske blanke kiezers yn it Suden. Likegoed wied er twongen om yn te gripen yn Mississippy, yn 1962, en yn Alabama, yn 1963, doe't de saak dêr út 'e klauwen drige te rinnen. Uteinlik kaam er yn 'e simmer fan 1963 mei foarstellen dy't de maatskiplike posysje fan 'e swarten yn Amearika struktureel ferbetterje soe, mar de ymplemintaasje dêrfan, yn 1964, makke er net mear mei.

Priveelibben Kennedy kaam yn 'e tiid dat er noch yn it Hûs fan Offurdigen siet by in formeel diner yn 'e kunde mei Jacqueline Lee Bouvier (1929-1994), dy't harsels Jackie neame liet. Hja trouden op 12 septimber 1953. Jackie krige yn 1955 in miskream en yn 1956 in deaberne famke dat Arabella hjitte sillen hie. Letter krigen Kennedy en sy noch trije bern: Caroline Bouvier Kennedy (1957), John Fitzgerald Kennedy jr. (1960-1999) en Patrick Bouvier Kennedy (1963-1963), dy't fiif wiken te betiid berne waard en twa dagen nei de berte kaam te ferstjerren. Kennedy en Jackie wiene folle jonger as dat foar Amerikaanske presidinten en first ladys wenst wie, en hja lieken sa gelokkich mei-inoar dat Kennedy syn presidintskip foar de bûtenwrâld wol in goudene tiid liek en letter gauris mei "Camelot" oantsjutten waard, ferwizend nei it mytyske kastiel fan 'e legindaryske kening Arthur.

right|thumb|250px|Kennedy mei syn gesin (1963). Mar alles wie net pais en free yn "Camelot". Yn it foarste plak kampte Kennedy mei ûnderskate sûnensproblemen dy't sekuer geheim holden waarden foar de media en it Amerikaanske publyk. Sa litte er oan 'e sykte fan Addison, in seldsume en potinsjeel libbensgefaarlike krupsje wêrby't it lichem te min fan 'e hormoanen kortisol en aldosteron oanmakket fanwegen in groanyske bynierskoarsynsuffisjinsje (oftewol: de bynierskoars docht net wat er heart te dwaan). Dêrnjonken hie Kennedy ek noch hypotyreoïdy, wêrby't de skyldklier te min hormoanen oanmakket. Dat er dy beide sykten hie, wiist derop dat er mooglik in djipper lizzende auto-ymmuniteitsstoarnis hie, dy't de dokters doedestiden noch net ûntdekke koene.