Bohemian Rhapsody is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn augustus en septimber 1975 en útbrocht op it album A Night at the Opera út 1975. Bohemian Rhapsody wie it alfde nûmer op it album en waard op 31 oktober 1975 útbrocht as earste single fan it album.

Oer it nûmer Bohemian Rhapsody waard skreaun troch Freddie Mercury, It operadiel wie oarspronklik bedoeld as in koart yntermezzo fan "Galileos" dat de ballad- en hardrockdielen fan it nûmer mei-inoar ferbûn.

Oer de fideoclip De fideo iepenet mei in byld fan de fjouwer bandleden dy 't yn rútformaasje stean mei de holle achteroer kantele yn it hast tsjuster wylst se it a capella-diel sjonge. De ljochten en opnamen sitte yn in close-up fan Mercury. Dêrnei stean se noch ien kear op it poadium by it hardrock segmint.

Muzikanten Freddie Mercury – Sang & Piano Brian May – Gitaar John Deacon - Bas Roger Taylor – Drums

Kategory:Liet fan Queen Kategory:Single út 1975 Kategory:Rockliet Kategory:Ingelsktalich liet