thumb|right|300px|Jarich Hoekstra mei Harke Bremer Jarich Freark Hoekstra (Hitsum, 17 febrewaris 1956 - Kiel, 20 septimber 2024)Hoogleraar Fries Jarich Freark Hoekstra overleden. Frysk Deiblêd 21 septimber, s.5 wie in Fryske skriuwer, oersetter en heechlearaar.
Libben Hoekstra studearre Frysk en Noarsk oan de universiteit fan Grins.
Tusken 1986 en 1993 makke Hoekstra de rubryk 'Taalsnipels' foar it Frysk Deiblêd. Fan 1981 oant 1999 wurke Hoekstra by de Fryske Akademy en wied er belutsen by it Wurdboek fan de Fryske Taal.
Sûnt 1999 wied er heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Kiel, dêr't er him ek mei de ferskate Noard-Fryske dialekten dwaande hold dy't foar in part op útstjerren steane. Hy die in soad yn de mande mei Harke Bremer fan Kampen. Op 17 septimber 1996 krige Hoekstra mei Harke Bremer fan de provinsje Fryslân de Obe Postmapriis. Dy priis bestiet út in oarkunde mei in jildbedrach. Se krigen dy priis foar de bêste oersetting út in oare taal yn it Frysk fan de foarôfgeande trije jier. Beide oersetters krigen de priis foar har Fryske oersetting fan Bommelferhalen út it Nederlânsk. Beide manlju makken ek oersettings fan Kaptein Rob en Asterix yn it Frysk. Foar syn eigen Frysktalich stripblêd 'Strips' makke er sels ek striptekeningen.
Hoekstra kaam geregeld yn Fryslân. Yn 2023 lies er yn Boalsert as foarsitter fan de beoardielingskommisje it sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis foar. Op de jierlikse Dei fan de Fryske Taalkunde yn Ljouwert waard er ein oktober 2024 betocht mei in minút stilte. Hy wie alle jierren mei in wittenskiplike bydrage fan de partij op de Akademydei. Hy brocht syn leafde foar de Noardfryske taal ek yn de praktyk. Thús yn Kiel prate er Öömrang mei syn frou, de taal fan it eilan Amrum (Öömram) dêr't sy wei kaam. Hy is yn it doarp Nebel (Neebel) op it eilân Öömram (Amrum) te hôf brocht.Ferlies foar de wittenskip: 'Jarich Hoekstra stie yn de Frisistyk op iensume hichte', Omrop Fryslân, 26 desimber 2024
Bibliografy (mei Harke Bremer) proaza 1995 - Hâld faasje! 2009 - De Frouwepenje 2018 - De 13de asega, skriller poëzij 2013 - Leffert: In Heldedicht yn Tolve Sangen oersettings fan stripboeken 1978 - Un Ferhaal fon Asterix de Goljer, nei René Goscinny en Albert Uderzo (yn de stavering neffens it saneamde "Utstel I") 1978 - In Ferhaal fan Asterix de Galjer, nei René Goscinny en Albert Uderzo 1980 - De Gouden Sichte, nei René Goscinny en Albert Uderzo 1981 - De Grutte Kleau, nei René Goscinny en Albert Uderzo 1981 - De Goaten, nei René Goscinny en Albert Uderzo 1994 - De Oare Wrald, nei Marten Toonder 1994 - It Kwea-each, nei Marten Toonder 1995 - De Boppebazen, nei Marten Toonder 1995 - De Aventoeren fan it Sylskip "De Vrijheid": De Aventuren fan Kapitein Rob, diel 1, nei Pieter Kuhn 1996 - It Kukel, nei Marten Toonder 1996 - De Utfalsels, nei Marten Toonder 1996 - It Geheim fan 'e Boskplaat: De Aventoeren van Kapitein Rob, diel 6, nei Pieter Kuhn 1997 - It Fleurige Utkyk, nei Marten Toonder 1997 - It Foarlân, nei Marten Toonder 1997 - De Speurtocht fan 'e "Vrijheid", nei Pieter Kuhn 1997 - De thúsreis fan 'e "Vrijheid", nei Pieter Kuhn 1998 - De Witmûtse, nei Marten Toonder 1998 - Aventoer op Pampus: De Aventoeren fan Kapitein Rob, diel 36, nei Pieter Kuhn 2000 - Uniek, Hm... Unyk, nei Marten Toonder 2000 - De Unistan, nei Maarten Toonder 2001 - De Einichste Ein, nei Marten Toonder 2007 - Tom Poes en it Spoek fan Bommel State, nei Marten Toonder literêre oersettings 1985 - In Poppehûs, nei Henrik Ibsen (werútjûn yn 2001) 1990 - Lytse Eyolf, nei Henrik Ibsen
Wittenskiplike publikaasjes Hoekstra, Jarich (1997), "The syntax of infinitives in Frisian". Ljouwert Hoekstra, Jarich (1989) "A note on the typology of te-infinitives in Frisian". North-Western European Language Evolution (NOWELE) 14, 19-51. Hoekstra, Jarich (1991) "Expletive der and Resumptive pro in Frisian. Leuvense Bijdragen 80, 61-80. Hoekstra, Jarich (1992) "Fering tu-infinitives, North Sea Germanic Syntax and Universal Grammar". Yn Volkert Faltings, Alastair Walker and Ommo Wilts (eds) Friesische Studien I. NOWELE Supplement vol. 8. Odense University Press, 99-142. Hoekstra, Jarich (1994) "Pronouns and Case. On the distribution of Frisian harren and se 'them'". Leuvense Bijdragen 83, 47-65. Hoekstra, Jarich (1995) "Preposition Stranding and Resumptivity in West Germanic". Yn Hubert Haider, Susan Olsen & Sten Vikner (eds) Studies in Comparative Germanic Syntax (= Studies in Natural Language and Linguistic Theory 31). Kluwer, Doardt, 95-118. Hoekstra, Jarich & Laci Marácz (1989a) "Some implications of I-to-C movement in Frisian". Yn Hans Bennis & Ans van Kemenade (eds) Linguistics in the Netherlands 1989. Foris, Doardt, 81-90. Hoekstra, Jarich & Laci Marácz (1989b) "On the position of inflection in West-Germanic". Working Papers in Scandinavian Syntax 44, 75-88.
Prizen 1996: Obe Postmapriis foar de oersettingen It kwea-each en De boppebazen'' út it Nederlânsk
Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Dútsk taalkundige Kategory:Dútsk heechlearaar Kategory:Dútsk romanskriuwer Kategory:Dútsk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Dútsk dichter Kategory:Dútsk oersetter Kategory:Noardfrysk taalaktivist Kategory:Dútsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Hitsum Kategory:Persoan berne yn 1956 Kategory:Persoan stoarn yn 2024