Eppie Dam (De Pomp, 5 maart 1953 - Sleat, 19 juny 2026) Schrijver Eppie Dam (73) uit Sloten overleden aan de gevolgen van huntington. ‘De maat dy’t noait fuortgie’ Ljouwerter Krante, 30 juny 2026 wie in ûnderwizer, dichter, skriuwer en oersetter út Sleat.

Libben Dam groeide op yn in agrarysk fermidden en folge de oplieding ta ûnderwizer. Hy wurke earst op Urk en sûnt 1991 yn Balk. Eppie Dam is in tige produktyf skriuwer. Hy skriuwt û.o. romans, berneboeken, kollums en gedichten en hat redakteur west fan Trotwaer. Hy skriuwt njonken it Frysk ek yn it dialekt fan De Pomp, it Pompstersk. Hy wûn in kearmannich de Rely Jorritsmapriis fan it Rely Jorritsma-fûns. Yn 2001 krige er foar Dingeman krijt wjokken de Simke Kloostermanpriis.

Yn tsjerklike fermiddens makke er namme as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn ferskate perioades fan in tsjerklik jier. Hy skreau lieten tegearre mei Hindrik van der Meer dy't de meldijen komponearre. Foar de Stifting It Fryske Boek skreau er yn 1989 it boekewikegeskink, de novelle De tomaat. Dat wie it earste boek sûnt jierren dat spesjaal skreaun wie as in boekewikegeskink. Syn berneboeken wolle net moralisearjend wêze. It giet him mear om ferdraachsumheid, oprjochtens en solidariteit. It giet oer ûnderwerpen dy't de bern fan no dwaande hâlde. De bernebibel Woord voor Woord fan Karel Eykman sette Eppie Dam oer yn it Frysk en ferskynde as Wurd foar Wurd.

Eppie Dam wie in de Fryske literatuer hast de iennichste dy't in bulte oer sport en benammen fuotbal skreau. Sa skreau er yn 2001 Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske. Ek skreau er in biografy oer Abe Lenstra en yn 2007 ferskynde it libbensferhaal fan Henk Kroes. foar ferskate Fryske tydskriften en kranten hat er kollums skreaun. Oer sport, mar ek oer taal, literatuer, ûnderwiis en natoer. 65 fan dy kollums waarden útjûn ûnder de titel Damstikken.

Yn 2024 publisearre Dam Pompster Psalmen, in autobiografy yn dichtfoarm, wêryn't er weromsjocht op syn libben.Omrop Fryslan, 2 novimber 2024

Dam wie sûnt 2010 oanhelle mei de Sykte fan Huntington. Hy hat syn ferstjerren twa dagen earder oankundige yn in lêste, ynstjoerde bydrage foar de Ljouwerter Krante. Hy waard 73 jier en waard beïerdige op natuerbegraafplak Bremer Wyldernis.

Bibliografy (kar-út) Novelle De tomaat (Boekewikegeskink nû. 1, 1989)

Ferhalebondels Strie oerdwers en soartgelike ferhalen (1978) De ûnderste stien (1982) It burd fan Fidel Castro (1995)

Berneboeken Spinaazje mei spikers en oare ferhalen (1986) Babbelegûchjes (1989) Mei bleate fuotten op bêd en oare ferhalen (1990) Jelma (1991) Achlum Nobusco en de meunsternimmers (aksjeboek foar de Stifting It Fryske Boek, 1992) Wouter en de 24-trui (1993) Tachtich yn 'e bocht (1995) Dingeman krijt wjukken (1999) Pier en de bakkesbal (2001) Mezen meitsje toch gjin rúzje? (bisteferhalen fan Anton Koolhaas. Oersetten en foar bern bewurke, 2005) Lytse man (2007) Abe, in byld fan in spiler (2007) Abe, een beeld van een speler (2007) De elandkop fan omke Romke (2009) Fjouwer dappere mûskes (mei Gerrit Terpstra) (2012)

Dichtwurk Mei de jierren (1978) Tusken juster en jûn (1983) Goddeleaze tiid (1984) Fjouwer fertikaal (1985) De kaai ûnder de klok (1996) Te lange lêsten, fersen fan Eppie Dam by skilderijen fan Henk Pietersma (1986) De Pomp, Gedichten yn ut Pompster dialekt (1988) Boulân (mei Margryt Poortstra, 1990) De sachte tufkes fan dyn Lister (1993) De hûnsdagen (1995) Leaf en nuddels (1998) Neigeraden it noarden (2004) Blausucht (2009) Mem sjoch boi (2012) Fallend ljocht (2014) Omstreken (2020) Pompster psalmen, in autobiografy yn rymjende fersen yn't Nederlânsk (2024)

Liturgyen en lieten Wat in gelok (bernebibellieten, mei Folkert Verbeek, 1983) Wat in gelok 2 (bernebibellieten, (mei Folkert Verbeek en Margryt Poortstra, 1990) Eén zwaluw maakt zomer'''(1993) Een kinderlied voor de wereld (1994) Komen als geroepen (1994) Hoe sille wy fan frede sjonge? (1994) Uit hetzelfde hout gesneden (1995) Ik zie, ik zie wat jij ook ziet (1996) Hannah en de omgekeerde wereld (1997) Minsken fan 'e dei (1998) Hoe zullen wij van vrede zingen? (út it Frysk oerset troch Jan Popkema, 1999) De mantel van geefdoor, (1999) Weg van de psalmen (2000) Clamantis en de amandelboom (2003) De keunst fan it libben (2006) Wurden fan de berch (2008) (Mei muzyk fan Hindrik van der Meer) Johann Sebastian Bach, Matteuspassy (2008) (oerset út it Nederlânsk) Wylst de wrâld fan wille skattert (2010) (muzyk: Jan de Jong)

Ferskaat Damstikken, in kar út de kollums fan Eppie Dam (1997) Foppe: Portret fan in bysûnder gewoan minske / Foppe: Portret van een bijzonder gewoon mens (2001) De stayer. De weg van Henk Kroes (2007) De skoskerinner. De wei fan Henk Kroes (2007)

Prizen Bekroaning yn de Rely Jorritsma-priisfraach 1973 foar it ferhaal In apel fan ljocht 1975 foar it ferhaal BijkePriis fan de berneboekesjuery 1995 foar Wouter en 24-trui 1996 foar Tachtich yn 'e bochtSimke Kloosterman-priis 2001 Dingeman krijt wjukken Gysbert Japicxpriis 2017 foar de dichtbondel Fallend ljocht'' (2015)

Keppelingen om utens Tresoar oer Eppie Dam Eppie Dam, by Sirkwy.

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk hymneskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Skriuwer yn it Pompstersk Kategory:Persoan berne yn De Pomp Kategory:Persoan stoarn yn Sleat Kategory:Balk Kategory:Persoan berne yn 1953 Kategory:persoan stoarn yn 2026